J.A. Bruins jr.
Jan Anthonie Bruins jr. (Aartswâld 8 juny 1872 – It Oranjewâld 5 desimber 1947) wie in Nederlânsk dûmny. Op 20 juny 1904 boaske er oan Gesina Wilhelmina Berkenbosch, in ferpleechster, mei wa't er in dochter en twa soannen krige.
Bruins waard berne yn Aartswoud yn ‘e kop fan Noard-Hollân. Hy wie in soan fan de herfoarme predikant Jan Anthonie Bruins en Engelina Johanna van Lith. De omkriten fan Aartswoud waarden it ‘bleate-fuotte-lân’ neamd. De minsken rûnen dêr op bleate fuotten om de kosten foar klompen en sokken te besparjen. Op de jonge Bruins hat dat djippe yndruk makke en hat syn sosjaal gefoel wekker roppen. Bruins soe no links-frijsinnich neamd wurde. Bruins hat yn Leien teology studearre en syn earste gemeente waard Terwispel (1896-1900). Yn 1900 naam Bruins in berop nei De Knipe, of sa’t it doe noch hiet Nij Brongergea, oan. (Sjoch ek Brongergea).
De tiid yn de Súdeasthoeke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Súdeasthoeke fan Fryslân wie ûntsjerklik. Dûmny’s waarden dêr mei wantrouwen besjoen. Bruins fûn oansluting mei de frije sosjalist Geart van der Zwaag. Van der Zwaag wie net allinne dêr de polityk-, mar ek de geastlik lieder. Van der Zwaag waard faak frege om in begraffenis te lieden. Troch syn warberens koe hy dêr net altyd oan foldwaan. Van der Zwaag frege dan faak oan Bruins om it oer te nimmen. De famylje seach dan meastentiids ferheard op dat der in dûmny kaam. Foar Bruins is dat op in sykjen útrûn nei in ferbining tusken it sosjalisme en de religy. Sa waard ien fan de earste ‘reade dûmny’s’.
Stiens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1906 krige Bruins in berop nei Stiens. Dêr is er oant syn emeritaat yn 1936 ta bleaun. Al gau krigen de Stienzers troch dat Bruins in persoanlikheid wie, wêr’t je net omhinne koenen. Dat hat de nedige konflikten jûn. Meastentiids krige Bruins syn sin, mar soms holden de tsjerkfâden de poat stiif. Bruins wie in man fan styl. Hy krige it sels safier dat it smoken yn tsjerke foar de tsjinst net mear tastien waard. Dat joech de nochal wat opskuor. Neffens de ferhalen bea in boer nei ôfrin fan de tsjinst syn tsjerkeboek te keap oan. As hy net mear smoke mocht, hoegde er ek net mear nei tsjerke. Bruins waard as in achtber persoan beskôge. Ek dy’t harren net ta syn keppel rekkenen, koenen wurdearring opbringe foar syn stribjen.
De S.D.A.P.
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bruins waard graach frege om op in S.D.A.P.-gearkomste te sprekken. Mar as se yn in ferkiezingstiid Bruins fregen om ek dêr op ‘e preekstoel omtinken te jaan, wegere hy. Polityk hearde, neffens him, net op de preekstoel thús.
De ûnthâlding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bruins wie ek in bekend sprekker by de ûnthâlders. Read en blau hearde byinoar. Yn it blêd de Blauwe Vaan hie Bruins syn eigen rubryk Het Hoekje. Dy stikken binne sammele troch syn dochter en nei syn dea útjûn as blomlêzing. Se binne ek sterk autobiografysk.
De Blijde Wereld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1926 begûn Bruins mei guon oare ‘reade’ dûmny’s mei it blêd De Bijde Wereld. As program foar it blêd wie útkard: ‘De reade faan neist de tsjerke’. It wie ynearsten in sosjalistysk religieusk blêd. Letter waard it om ek bûtentsjerkliken oan te lûken in algemien religieusk blêd. De measte lêzers wienen Friezen. Letter is it blêd ûnder lieding dr. Willem Banning kommen te stean. De namme waard doe Tijd en Taak.
Bruins hat in protte sjoernalistyk wurk fersetten. Hy skreau ek yn Rotterdamske blêd Voorwaarts en der is wurk fan him te finen yn de provinsjale kranten.
Bruins is begroeven by syn tsjerke yn Stiens. Ien fan syn wichtichste learlingen hat dr. J.J. Kalma west.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- H.B. Wiardi Beckman, Over het ontstaan van het beginselprogram yn: De Socialistische Gids, 1930, 228-238;
- H.J. Wilzen, A. van Biemen, Samen op weg (Amsterdam 1953);
- J.J. Kalma, Bruins jr. (Jan Anthonie) yn: Mededelingenblad, nr. 17, april 1960, 12-14;
- J.J. Kalma yn: Dit wienen ek Friezen III (Ljouwert 1966) 119-126;
- J.J. Kalma, Rode dominees in Friesland yn: De Vrije Fries, 1987, 53-63.
- Ds. Bruins van Stiens. Een zelfportret in Hoekjes (Utert 1949)