Herman Bernard Wiardi Beckman
Herman Bernard Wiardi Beckman, mei de bynamme Stuuf (Nijmegen, 4 febrewaris 1904 – Dachau, 15 maart 1945), wie in Nederlânsk politikus en fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich. Wiardi Beckman wie út namme fan de Sosjaal-Demokratyske Arbeiderspartij (SDAP) lid fan de Earste Keamer.
Famylje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wiardi Beckman stammet út in patrysjerslaach. Meindert Wiardi Beckman, syn oerpake, wie fan 1857 oant 1858 minister foar Herfoarme Earetsjinst en lid fan de Ried fan Steat (1858-1863); syn heit Jacob Wiardi Beckman wie senuwdokter en psychiater en syn mem Everdina Suzanna Kuenen kaam út in laach fan wittenskippers.
Op 3 desimber 1927 boaske er oan Maria Petronella Margaretha Wackie Eysten, mei wa't er trije dochters krige.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch syn mem rekke er yn'e besnijing fan it sosjalisme. De lettere fraksjefoarsitter fan de PvdA Marinus van der Goes van Naters helle Wiardi Beckman oer om lid te wurden fan de SDAP, hy wie doe achtjin jier. Wiardi Beckman studearre op dat stuit skiednis oan de Leienske universiteit by de ferneamde histoarikus Johan Huizinga en wie in warber lid fan it Leienske studintekorps. Letter waard er troch it partijbestjoer fan de SDAP oanlutsen om Pieter Jelles Troelstra te helpen by it dienmeitsjen fan dy syn Gedenkschriften. Nei it ferstjerren fan Troelstra yn 1930 skreau Wiardi Beckman it lêste part dêrfan.
Dêrnei gie er oan de gong by de krante Het Volk, earst as assistint-haadredakteur en letter (1937-1940) as algemien polityk haadredakteur. Yn 1937 waard er ek lid fan de Earste Keamer. By de mobilisaasje yn septimber 1939 gie Wiardi Beckman frijwillich it leger yn. Maaie 1940 waard er by de Generale Stêf yndield en wie er ien fan de opstellers fan de proklamaasje wêryn't generaal Winkelman it Nederlânske folk de kapitulaasje fernijde.
Yn de besettingstiid wie Wiardi lid fan de redaksje fan de yllegale krante Het Parool.
Yn de nacht fan 17 op 18 jannewaris 1942 waard er op it strân by Skeveningen oanholden doe't er besocht nei Ingelân te ûntkommen. Hy siet ûnder oaren yn de konsintraasjekampen Natzweiler en Dachau. Yn Dachau moete er op 2 oktober 1944 Nico Rost. Rost en Beckman praten oer sjoernalistyk en de politike tastân yn Nederlân nei de oarloch dy't hja hawwe woene.
Wiardi Beckman stoar yn de nacht fan 14 op 15 maart 1945 yn Dachau oan flektyfus; hy waard 41 jier. Ien fan de oare finzenen, de Nederlânske dichter Ed. Hoornik, skreau letter yn in memoariam:
- Toen schoof hij zacht zijn arm onder de mijne door.
- Zeg mij – zijn stem werd warm – aan wien ik toebehoor.
Postúm waard him it Fersetskrús 1940-1945 takend.
Ferneaming
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wittenskiplik buro fan de Partij fan de Arbeid is nei him neamd: de Wiardi Beckman Stichting.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Johan S. Wijne, Stuuf Wiardi Beckman: patriciër en sociaal-democraat. 1987, Thomas Rap
- H.B. Wiardi Beckman, En die twee jongens zijn wij: brieven aan M. van der Goes van Naters. 2007, Mets & Schilt
- Frans Becker & Menno Hurenkamp, Onszelf blijven: H.B. Wiardi Beckman, baanbreker van de moderne sociaaldemocratie. 2010, Bert Bakker
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Nederlânsk sjoernalist
- Nederlânsk politikus
- SDAP-politikus
- Earste Keamerlid
- Nederlânsk sosjalist
- Nederlânsk ofsier
- Nederlânsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich
- Ingelânfarder
- Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich
- Nederlânsk misdieslachtoffer
- Persoan omkommen yn Dachau
- Súdgeldersk persoan
- Persoan berne yn 1904
- Persoan stoarn yn 1945