Springe nei ynhâld

Irene Verbeek

Ut Wikipedy
Irene Verbeek

Irene Verbeek (Eindhoven, 5 maaie 1945) is in Nederlânsk byldzjend keunstner (keunstskilder en grafikus).

Yn 1967 studearre Irene Verbeek ôf oan de keunstakademy yn Utert. Se spesjalisearre har yn de monumintale en fersierende keunst by Abraham Stokhof de Jong, dy't wer in learling west wie fan Heinrich Campendonk. De mankelike motiven yn it wurk fan Campendonck yntrigearren har al betiid, lykas ek it wurk fan Paul Klee, Wassily Kandinsky en Theo van Doesburg, dy't allegearre by it Bauhaus belutsen wiene. Nei har stúdzje ferfear Verbeek nei Skiermûntseach. Letter sette se har nei wenjen yn Grins. No wennet en wurket se yn Oostum yn Grinslân.

Yn de jierren sechtich kaam se op oanrieden fan Johan Dijkstra by de Frije Skilders-akademy fan de keunstnersferiening De Ploeg, dêr't se itselde jier lid fan waard. Yn 1978 sei hja it lidmaatskip op nei it fergees besykjen om de keunstnersferiening te fernijen.

By in protte fan har eksposysjes ferwêzenlike sy har ideaal om ferkate keunstdisiplines by inoar te bringen. Bygelyks waard ien fan de ekposysjes yn Amsterdam iepene mei in taspraak fan de muzikus Dick Leutscher, folge troch de komposysje Lucebert, Van grote en kleine vogels (opus 35) fan komponist Jacob ter Veldhuis en in film oer it ta stân kommen fan de skildering yn de Stedsskouboarch fan Grins, fan de sjoernalist Hans Fröling.

Verbeek har grafysk wurk fûn fral erkenning yn har boeken. Museumdirekteur Frans Haks wijde yn 1979 in útstalling oan har earste boek as keunstwurk mensen dieren dingen. Dat boek wie ek oanlieding om de Frankenthaler silinderparse, dêr't de yllegale krante Het Parool yn 1944 drukt waard by de firma Jesse, oan har oer te dragen, meidat it har slagge om yn de tradysje fan Hendrik Nicolaas Werkman fernijingen yn de grafyske keunst troch te fieren.

Fan 1968 ôf hat Irene Verbeek by ferskillende ûnderwiisynstellingen dosint west en joech se sûnt 1975 les yn eigen atelier.

Yn 1991 kaam der in stichting dy't soarge foar de oprjochting fan in museüm foar it wurk fan Irene Verbeek: it OerKa Irene Verbeek Museum. It museum siet ynearsten op De Skâns en húsmanne sûnt 2001 yn it tsjerkje fan Raard. Yn 2018 moast it troch need twongen slute.

Fan 2020 ôf binne der 3D-eksposysjes te sjen op de webside fan de Irene Verbeek Stichting.

In protte motiven yn har wurk hawwe te meitsjen mei de minsk, it bist en de natuereleminten. Verbeek neamt dat 'it fêstlizzen fan it tiidleaze yn de werklikheid'. Har wurk is dreech ûnder itselde te beflappen. Net allinne meidat har wurk tagelyk figuratyf as abstrakt is, mar ek omdat har technyk him ûntjout al nei't it ûnderwerp.

Monumintaal wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neist har frije wurk hat Verbeek ek útienrinnende monumintale oan arsjitektuer bûne opdrachten útfierd. De plafond- en koepelskilderingen yn de Stedsskouboarch fan Grins hearre by de meast bekende.

It boek as keunstwurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei har earste boek út 1979 brocht se noch ferskate oaren út, yn lytse oplagen, sawol yn eigen behear as by útjouwerij Philip Elchers en by Ombre Productions. Guon boeken hat se sels printe.

De boeken bringe eigensinnige, nije techniken mei in yngeande ynhâld byinoar. Yn 2008 sette Verbeek út ein mei in nije rige boeken dêr't sy yn eksperimintearret mei it op elkoar ôfstimmen fan wurd, byld en muzyk. Het ooit, it earste boek yn de rige, waard yn 2009 presintearre yn it Grinzer museum troch Henk van Os. It twadde boek, Tijd tot later, waard yn 2011 presintearre troch Maartje de Haan, direkteur fan it Museum Meermanno yn De Haach. Al har boeken waarden oankocht troch de Keninklike Bibleteek en/of het Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje yn De Haach.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]