Springe nei ynhâld

OerKa Museum

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan OerKa Irene Verbeek Museum)
Stichting OerKa Irene Verbeek

It OerKa Museum fan Irene Verbeek siet fan 2001 oant 2018 yn it terptsjerkje fan Raard oan de wei fan Dokkum nei Holwert. It kultuerhistoarysk museum woe de wurding fan it lânskip kombinearje mei byldzjende keunst.

Irene Verbeek wurke fan 1962 oant 1967 op Skiermûntseach. Se die ek monumintale opdrachten yn Grins. Ynspiraasje krige se fan de Waadsee mei syn slinken en it terpelânskip. Yn 1991 it OerKa Museum oprjochte yn it fersterkerstasjon fan De Skâns. 'Oer' stiet foar de allerearste relaasjes tusken minsk en natuer en 'Ka' is de K fan Keunst. Yn 2001 ferhuze it museum nei de tsjerke fan Raard, dy't besit is fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. De tsjerke waard ynrjochte neffens de fyzje en kleurstellingen fan Irene Verbeek.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: