Iisklub Foarút (Akkrum)

Ut Wikipedy

Iisklub Foarút fan Akkrum is oprjochte yn 1862 oprjochte ûnder de namme Voaruwt. Neidat der yn 1861 en 1862 winters west hiene dat skippen ynferzen sieten en in soad kastleins hurdriderijen organisearren kaam deer in iisklub. Dit om hurdriderijen better en earlijker ferride te litten.. By de oprjochten wienen der 18 leden mei W. Osinga as foarsitter. Der binne sûnttiids in soad koartebaanriderijen hâlden. Yn de mande mei de iisklub fan Grou waard twa kear in Skatetoertocht hâlden. Op de Jierfergadering wurdt nei it saaklike gedielte in sprekker útnûge. Sa kamen iis-VIP's as Henk Kroes, Jeen van der Berg, Jan Charisius, Jan Ykema, Sake Santema, Johannes Lolkema, Atje Keulen-Deelstra en Rein Zwart nei Akkrum.

Lokaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it eartoan waarden de wedstriden ferriden op de Meinesleat, dêrnei op de âlde iisbaan foar it plak dêr't no graazje Fennema sit, oan it spoar, en sûnt 1968 op de nije baan oan de UT-wei. Dizze baan is destiids troch boargemaster Anker iepene. Yn 1975 is der mei de fuotbalklub in mienskiplike kantine en klaaigelegenheid boud. Yn it jier 2000 kaam der in nije moderne baanferljochting.

Sûkelarjewedstriden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de skoalbern waard yn 1885 Lyts Voaruwt oprjochte. It findel hjirfan hinget no yn de kantine fan sportkompleks De Meine. De tradysje om –by genôch iis- earst in riderij foar de skoalbern ofwol de sûkelarjewedstryd te hâlden bestiet noch. Wa't ferlern hat krijt in sûkelarjereep.

Hichtepunten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de rin fan de tiid binne meardere Fryske Kampioenskippen hâlden, it Jeugd Kampioenskip fan Boarnsterhim, twa prachtige “belslidewedstriden” yn 1964, 1997. Fierders de iismaraton troch Akkrum ofwol de Lus fan Akkrum yn 1986 en 1997 dy't yn gearwurking mei Sport Real en de Iiswegensintrale organisearre binne. Ynwenners dy 't de Alvestêdetochten folbrocht hawwe yn 1963,1985,1986 en 1997 waarden troch Foarút huldige. Yn 1987 ferskynde it Jubileumboek fan Foarút.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: