Ibbi-Sin
Ibbi-Sin | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Sûmearysk | |
bertedatum | ±2050 f.Kr. | |
berteplak | Oer (?) | |
stjerdatum | >2004 f.Kr. | |
stjerplak | yn Elam | |
dynasty | Tredde Dynasty fan Oer | |
etnisiteit | Sûmearysk | |
kening fan Sûmearje en Akkad | ||
regear | 2028 f.Kr. – 2004 f.Kr. (M.G.) | |
foargonger | Sjû-Sin | |
opfolger | gjint | |
kening fan Oer | ||
regear | 2028 f.Kr. – 2004 f.Kr. (M.G.) | |
foargonger | Sjû-Sin | |
opfolger | gjint |
- N.B.: foar alle jiertallen yn dit artikel is gebrûk makke fan 'e Middellange Gronology.
Ibbi-Sin (Oer?, ±2050 f.Kr. – yn Elam, nei 2004 f.Kr. M.G.) wie oan it begjin fan it twadde milennium foar Kristus kening fan 'e stêd Oer, yn it hjoeddeiske Irak, en hearsker oer Sûmearje en Akkad. Hy wie de lêste kening út 'e ferneamde Trêde Dynasty fan Oer. Under syn regear kaam der in ein oan 'e Sûmearyske beskaving, dy't tûzenen jierren lang stânholden hie yn Mesopotaamje.
Regear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ibbi-Sin folge om 2028 f.Kr. syn heit Sjû-Sin op as kening fan Oer en hearsker oer Sûmearje en Akkad. Under syn hûs, de Trêde Dynasty fan Oer, hie de Sûmearyske beskaving in lêste perioade fan bloei trochmakke, mar ûnder syn eigen regear kaam dêr in ein oan. De ûnderlizzende reden dêrfoar wie nei alle gedachten in grutte en oanhâldende drûchte, mei't ûndersyk nei de sedimintlagen yn 'e Perzyske Golf útwiisd hat dat de wetterstân yn 'e rivieren de Eufraat en de Tigris tusken likernôch 2100 en 1950 f.Kr. tige leech wie. Saakkundigen achtsje it sels mooglik dat dit noch altyd deselde drûchte wie, dy't yn 2193 f.Kr. ek it Akkadyske Ryk yn grutte swierrichheden brocht. Sadwaande moat doe skea oan it alâlde yrrigaasjesysteem fan Mesopotaamje, as dat no kaam troch oanfallen fan nomadyske stammen, troch burokratysk mismanagement of troch de desynteresse fan in hearsker, laat hawwe ta slimme itenstekoarten en mooglik sels ta hongersneed.
It resultaat wie dat der yn it sânde of achtste jier fan Ibbi-Sin syn regear in fersechstichfâldiging fan 'e nôtpriis plakfûn, eat dat ta grutte earmoede late, mei as gefolch dat de ynternasjonale hannel stil kaam te lizzen. Sûnder grûnstoffen út it bûtenlân, dy’t û.m. brûkt waarden foar it meitsjen fan wapens foar it leger, begûn de bestjoerlike kontrôle fan 'e kening en syn regear ôf te nimmen. De erffijannen fan 'e Sûmeariërs hoegden har net te betinken om fan dy ferswakking gebrûk te meitsjen. Fral de Amoriten, nomadyske feehoeders út 'e Syryske Woastyn, diene fan dy tiid ôf oanhâldend ynfallen yn Sûmearje. Al yn in ier stadium brieken hja troch de saneamde Muorre fan Martû, in ferdigeningsmuorre dy't yn it súdwesten fan Mesopotaamje oplutsen wie troch Sjû-Sin, de heit fan Ibbi-Sin. Doe't stadichoan it betrouwen fan 'e befolking yn Ibbi-Sin syn liederskip begûn fuort te êbjen, ûntskuorde Elam (yn it hjoeddeiske súdwesten fan Iraan) him oan de Sûmearyske oerhearsking, wêrnei't ek fan dy kant ôf allegeduerigen oanfallen folgen.
Ibbi-Sin joech befel om 'e wichtige stêden Oer en Nippoer te fortifisearjen, mar dat wie by lange nei net genôch om it tij te kearen. Healwei de tweintichste iuw f.Kr. stoarte it Sûmearyske Ryk úteinlik folslein yn. De iene nei de oare stêd ûntloek him oan it gesach fan Ibbi-Sin om te besykjen op eigen manneboet de krisis te trochstean. Dat slagge net; de stêden waarden ien foar ien ynnommen en frijwol mei de grûn lyk makke. Uteinlik restearre foar Ibbi-Sin inkeld noch syn eigen stêd Oer. Yn 2004 f.Kr. waard op 't lêst ek Oer ferovere en folslein ferwoastge troch Elamityske troepen ûnder Kindattû, yn gearwurking mei stammen út it Sagrosberchtme. Ibbi-Sin sels waard finzen nommen en fuortfierd nei Elam, dêr't er in ûnbekend skoft letter stoar.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|