Springe nei ynhâld

Sjû-Sin

Ut Wikipedy
Sjû-Sin
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Sûmearysk
bertedatum 20?? f.Kr.
berteplak Oer (?)
stjerdatum 2028 f.Kr.
stjerplak Oer (?)
dynasty Tredde Dynasty fan Oer
etnisiteit Sûmearysk
kening fan Sûmearje en Akkad
regear 2037 f.Kr.2028 f.Kr.
foargonger Amar-Sin
opfolger Ibbi-Sin
kening fan Oer
regear 2037 f.Kr.2028 f.Kr.
foargonger Amar-Sin
opfolger Ibbi-Sin
N.B.: foar alle jiertallen yn dit artikel is gebrûk makke fan 'e Middellange Gronology.

Sjû-Sin (sekuerdere transliteraasje: Shu-Sin; Oer?, ±20?? f.Kr. – dêre?, 2028 f.Kr.) wie oan it begjin fan it twadde milennium f.Kr. kening fan 'e stêd Oer, yn Mesopotaamje (it hjoeddeiske Irak), en hearsker oer Sûmearje en Akkad. Hy wie de foarlêste kening út 'e ferneamde Trêde Dynasty fan Oer.

In gewicht fan 5 mina út Girsû mei de namme fan Sjû-Sin derop. Te sjen yn it Louvre yn Parys.

Oer Sjû-Sin is net in protte bekend. Hy folge om 2037 f.Kr. hinne syn âldere broer Amar-Sin op as kening fan Oer en hearsker oer Sûmearje en Akkad. Syn regear duorre likernôch njoggen jier. Nei in opstân ûnder de Amoriten, nomadyske feehoeders út 'e Syryske Woastyn, liet Sjû-Sin yn it fjirde jier fan syn regear (dus omtrint 2033 f.Kr.) yn it súdwesten fan Mesopotaamje yn 'e alluviale flakte tusken de rivieren de Eufraat en de Tigris de saneamde Muorre fan Martû bouwe. Dat wie in grutskalich ferdigeningswurk dat fierdere Amorityske oanfallen tsjinkeare moast. Sjû-Sin stoar om 2028 f.Kr. hinne en waard opfolge troch syn soan Ibbi-Sin, ûnder waans regear de Sûmearyske beskaving ta in ein kaam.

  • Siebling Jr., William H., Ancient Near Eastern History and Culture, New York, 2003 (Pearson Education), ISBN 0 32 10 66 74X.
  • Wood, Michael, Op Zoek naar de Bronnen van Onze Beschaving, Utert/Baarn, 1993 (Stichting Teleac/Tirion), ISBN 9 06 53 33 134; s. 32-34.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Siebling Jr., William H., Ancient Near Eastern History and Culture, New York, 2003 (Pearson Education), ISBN 0 32 10 66 74X.
  • Wood, Michael, Op Zoek naar de Bronnen van Onze Beschaving, Utert/Baarn, 1993 (Stichting Teleac/Tirion), ISBN 9 06 53 33 134; s. 32-34.