Feyo Schelto Sixma van Heemstra
Baron Feyo Schelto Sixma van Heemstra (De Haach, 4 septimber 1916 - It Hearrenfean, 13 july 1994) wie in keunsthistoarikus en Frysk skriuwer, ûnder de skûlnamme Homme Eerntsma.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy wie in soan fan Cornelis Schelto Sixma baron van Heemstra en Johanna (Annie) Schimmelpenninck. Cornelis Sixma van Heemstra, ôfkomstich fan âlde Fryske adel, wie in oantal jierren partikulier sikretaris fan keninginne-mem Emma en letter fan keninginne Wilhelmina. Sixma van Heemstra brocht as bern de simmerfakânsjes troch op Fogelsanghstate te Feankleaster en kaam winterdeis in soad yn Ljouwert, sadwaande learde er Frysk.
Nei it gymnasium studearre er keunstskiednis yn De Haach en Parys. Promovearre yn 1950 yn Grins op De klederdracht van Hindeloopen. Wurke ûnder oaren yn it museum Hidde Nijland Museum yn Hylpen en wie fjouwer jier wittenskiplik amtner by it museum fan Folkekunde yn Arnhim.
Hy hat op ferskate plakken learaar west, ûnder oaren yn Ljouwert en yn Swol, en wie ek oersetter by de EEG. Van Heemstra, in it Frysk literêr fermidden bekend as 'de baron', wie teffens oprjochter fan it twatalich tydskrift Awyt, bedoeld as poadium foar jonge Fryske skriuwers, en mei J. Osinga fan it blêd Jildklang (oer finansjele saken).
Yn 1967 joech er de oanset ta de oprjochting fan Operaesje Fers, wat de oprjochters de Gysbert Japicxpriis opsmiet.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Leafdedea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De koarte roman Leafdedea ferskynde yn 1963 as bylage by it tydskrift Quatrebras. It spilet yn in aadlik fermidden fan de 19e iuw. De skriuwer neamde himsels Homme Eertsma; earst letter waard bekend dat it om Van Heemstra gie. It waard yn 't earstoan net troch in protte minsken opmurken. Lykwols soarge it al rillegau foar in lyts skandaal. Fedde Schurer skreau in ferneatigjende resinsje. Hy hie gjin goed wurd oer foar dit 'wurdbraeksel' en stelde út dat patologen it fierder mar analysearje moasten. Oare resinsinten hâlden harren op de flakte. De 'Tsjerne' en de Ljouwerter Krante swijden al langer oer publikaasjes yn Quatrebras. It duorre net lang of it boekje like fergetten te wêzen.
Yn 1994 waard it lykwols opnij útbrocht troch de Koperative Utjouwerij, mei in neiskrift fan Josse de Haan.
'Leafdedea' heart ta it rychje fan fiif boeken dy't it oansjen en de ynhâld fan de Fryske literatuer tige feroare hawwe. De oare fjouwer binne: 'Smearlappen' fan Anne Wadman, 'Fabryk' fan Trinus Riemersma, de 'Greate Wrakseling' fan Hessel Miedema en it ferhaal , 'jok, in ûngelok', ek fan Hessel Miedema.
Leafdedea is wat foarm, ynhâld en guon surrealistyske fragminten oanbelanget folslein nij yn de doetiidske Fryske literatuer. It wurk is betiden koartswilich, iroanysk, absurd, de taal assosjatyf, wurklikheid en dream rinne trochelkoar en it eroatyske wurdt yn dúdlike bewurdingen behannele.
Roman Hagois
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]'Roman Hagois' ferskynde yn 1998 by de KU. It is yn it Nederlânsk skreaun en in soad passaazjes binne yn it Frânsk en Dútsk. It is it (pseudo)-autobiografysk ferhaal fan de mem fan de skriuwer, Johanna Arnolda Bernardina Schimmelpenninck (1889-1971). Yn de roman wurdt it libben fan de adel yn Den Haach en oan it hof beskreaun út de perioade tusken de Earste- en Twadde Wrâldkriich. De man fan de fertelster, heit fan de skriuwer, wie fan 1934 oant 1940 partikulier sikretaris fan keninginne Wilhelmina. De roman hat breed omtinken hân yn de provinsjale en lanlike parse.
De auteur seit yn in ynterview yn it Parool op de fraach at it wol in echte biografy is: Ik heb het boek een jaar of wat geleden geschreven. [...] Het is gebaseerd op wat mijn moeder me heeft verteld en vooral op wat zij heeft opgeschreven. En op de dagboeken van mijn vader.
Wichtichste publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De klederdracht van Hindeloopen (1950)
- Nei in oare wrâld (skiedkundige skôgingen, 1954)
- Oude vroomheid (1959)
- Influences gnostiques et cathares sur l'architecture gothique (1960)
- Leafdedea (ps. Homme Eernstma, 1963) ferskynd as spesiale útjefte fan it literêr tydskrift quatrebras (3e pr. 2011)
- Marginale minsken (ps. Homme Eerntsma, 1968)
- Tweintich jier sinsuer yn soarten, 1946-1966. In skôgjende dokumintaasje (1970)
- Le problème de l'VVra Linda Bok (1972)
- Oangeande in reis troch Bessarabje yn 'e simmer 1938 (1983)
- Ook dit gaat voorbij (1986)
- Roman Hagois - Autobiographie de la comtessa Johanna Arnolda Bernerdina Schimmelpenninck 1889-1971, douairière Cornelis Schelto baron van Heemstra 1942-1971(1991)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Nederlânsk keunsthistoarikus
- Nederlânsk publisist
- Nederlânsk romanskriuwer
- Nederlânsk reisferhaleskriuwer
- Frysk keunsthistoarikus
- Frysk publisist
- Frysk romanskriuwer
- Frysk reisferhaleskriuwer
- Skriuwer yn it Frysk
- Nederlânsk skriuwer yn it Frânsk
- Fryske adel
- Frysk persoan fan Nederlânsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Van Heemstra
- Persoan stoarn op It Hearrenfean
- Persoan berne yn 1916
- Persoan stoarn yn 1994