Hollandia (Skarsterbrêge)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
It eardere Hollandia
Markante skoarstien

De N.V. Hollandia wie in suvelfabryk yn Skarsterbrêge. It fabryk hat nea yn boerehannen west. Yn 2011 hjit it bedriuw Vreugdenhil.

Ea wienen der 173 suvelfabriken yn Fryslân. Dêrfan binne der yn 2011 troch skaalfergrutting noch mar seis molkeferwurkjende oer: Friesland-Campina mei fêstigingen yn Ljouwert, Gerkeskleaster, Drachten, Warkum en Hochwald mei in fêstiging yn Boalsert en Henri Willig op It Hearrenfean. It Hollânske famyljebedriuw Hollandia iepene it fabryk oan de Skarster Rien op 30 maaie 1911. Oars as oare Fryske fabriken lei it bedriuw him nea ta op tradisjonele produkten as bûter, tsiis, molke en jochert. Hollandia makke sûkere kondensprodukten en benammen foar de eksport. Dêrom waard sûnt 1929 gearwurke mei it Switserske Nestlé dat in wrâldwiid bûtenlânsk netwurk hie. Sûnt it midden fan de fyftiger jierren lei it bedriuw him ta op it meitsjen fan molkpoeiers en poppefieding. De molkpoeiers waarden troch Nestlé brûkt foar de kakauprodukten en oar iten. Op it hichtepunt, begjin tachtiger jierren, wurken der mear as 300 meiwurkers yn Skarsterbrêge. Om de milenniumwikseling hinne luts Nestlé him werom út it meitsjen fan agraryske basisprodukten. Koart dêrfoar hie twa tredde fan de wurknimmers al dien krigen by in reorganisaasje.

Yn 2002 waard Hollandia oernomd troch de suvelûndernimming Vreugdenhil út Voorthuizen. Dat bedriuw kocht molkpoeiers dy't it bewurke ta spesjaalprodukten út de fiedings- en feefoeryndustry. It bedriuw woe net ôfhinklik wêze fan oaren en kocht middels it bedriuwsûnderdiel Nemelco sels molke yn by molkfeehâlders. It oantal meiwurkers groeide fan 10 nei 50 en yn 2010 waard der 150 miljoen liter molke ferwurke ta ferskate soarten molkpoeier yn grutte ferpakkings. De poeiers wurde yn Aazje en Afrika brûkt yn kofje, tee en op taarten of om der wer molke en jochert fan te meitsjen.

By gelegenheid fan it 100-jierrich bestean ferskynde in jubleumboek. De markante âlde skoarstien sil yn it ramt fan it jublileum in opknapbeurt krije.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: