Springe nei ynhâld

Hidjaab

Ut Wikipedy
Trije fammen mei in hidjaab oan.

In hidjaab, fan it Arabyske حجاب, sekuere transliteraasje: ḥiǧāb (útspr.: [ħi'ʤæ:b], likernôch: "hi-dzjêb"), is in stik klean foar froulju dat in omslachdoek foar oer de skouders, holdoek en wale (foar oer it hier, net foar oer it gesicht) yn ien is. It makket diel út fan 'e tradisjonele Arabyske dracht, mar wurdt sterk assosjearre mei de islaam, en is sadwaande ek ynboargere rekke by beskate befolkingsgroepen yn net-Arabyske moslimlannen lykas Turkije, Iraan, Maleizje en Yndoneezje. De namme fan 'e hidjaab giet werom op it Arabyske tiidwurd حجب, ḥaǧaba (útspr.: [ħæ'ʤæbæ], likernôch: "heh-dzjeh-beh"), dat "jin in wale foardwaan" betsjut, of yn bredere sin "dekking sykje".

Yn syn ienfâldichste foarm is de hidjaab in stik frouljusklean dat sawol de holle as it boarst bedekt. De oantsjutting kin ferwize nei elts klaaiïngsstik fan islamityske froulju dat oan dy betingsten en oan in beskate mjitte fan sedigens foldocht. De hidjaab wurdt droegen troch in oansjenlik diel fan 'e islamityske froulju, ferspraat oer de hiele wrâld, as se de puberteit ûntgroeid binne en yn oanwêzichheid binne fan folwoeksen manlju dy't net ta har neiste famylje hearre. Neffens guon ynterpretaasjes is it ek foechsum om 'e hidjaab te dragen as der folwoeksen, net-islamityske froulju oanwêzich binne dy't net ta de neiste famylje hearre.

In hidjaab (l.) en in nikaab (rj.).

De term 'hidjaab' kin yn it Arabysk ek brûkt wurde om te ferwizen nei de ôfsûndering fan froulju fan manlju yn it iepenbiere libben, of der kin mei ferwiisd wurde nei de metafysyske diminsje: de wale tusken it libben en it hjirneimels dy't de minsken fan God skiedt. Winliken bestie dyselde noasje ek al mank de pre-islamityske Romeinen fan 'e Klassike Aldheid. Keizer Augustus fitere syn ûnderdienen oan om 'e heidenske timpels capo velato yn te gean, "mei de holle bewale", wêrmei't er it dragen fan klean bedoelde dy't net folle ferskilde fan 'e hjoeddeiske dracht foar sawol manlju as froulju yn Saûdy-Araabje. Augustus liet himsels yn sokke kledaazje ôfbyldzje op propagandaskilderingen, lykas yn 'e Ara Pacis-timpel yn Rome. De Romeinen makken diel út fan in grutter ferbân fan kultueren om 'e Middellânske See hinne, en joegen dit beërf troch oan sawol it Midden-Easten, dêr't it hjoed de dei noch in sterke ynfloed op 'e deistige klean fan 'e lju útoefenet, as oan Jeropa, dêr't froulju, as se yn it kleaster giene, foarhinne in nonnekap opdiene, dy't sterk om in hidjaab liek.

Yn 'e Westerske wrâld is it dragen fan 'e hidjaab en oare islamityske frouljusdracht (benammen de boerka) sûnt de 1990-er jierren in saak fan oansjenlike kontroverse wurden, mei't it dragen fan sokke klean moslima's oplein wurde soe troch harren manlju, famylje of kultuer. Hoewol't der grif froulju wêze sille dy't sokke klean tsjin 't sin drage, benammen yn moslimlannen dêr't de hidjaab yn it iepenbier ferplichte is, liket de krityk op it dragen fan 'e hidjaab yn Westerske lannen mear te krijen te hawwen mei islamofoby as mei oprjochte noed om frouljusrjochten. Yn 'e measte gefallen drage moslimfroulju de hidjaab as in symboal fan sedigens, privacy en noarmen en wearden. Neffens de rjochtlinen dy't datoangeande besteane, moatte froulju it hiele lichem bedekke útsein it gesicht, de hannen en de fuotten. Dy't rjochtlinen komme lykwols fuort út lettere islamityske religieuze teksten, de fiqh en de hadith, wylst de Koraan froulju inkeld oanfiteret om 'e boarsten en de geslachtsdielen te bedekken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.