Springe nei ynhâld

Herfoarme tsjerke (Langwar)

Ut Wikipedy
Herfoarme tsjerke (Langwar)
Lokaasje
plak Langwar
adres Oasingaleane 13
koördinaten 52° 57' N 5° 43' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN (Herf. gem.)
Arsjitektuer
boujier 1777
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 13238
Webside
www.kerklangweer.nl
Kaart
Herfoarme tsjerke (Fryslân)
Herfoarme tsjerke

De herfoarme tsjerke fan Langwar stiet oan de Oasingaleane yn Langwar, gemeente De Fryske Marren. De tsjerke wurdt brûkt troch de Herfoarme PKN-gemeente fan Langwar en omkriten.[1]

It earste tsjerkegebou út de 13e iuw waard yn 1517 troch brân ferwoaste en wie oan Sint-Pankratius wijd.

De hjoeddeiske sealtsjerke út 1777 mei in trijesidich koer en koerbôgefinsters waard boud as ferfanging fan in tsjerke mei in sealtektoer út 1683.

It ynterieur wurdt dutsen troch in houten tonferwulft. De preekstoel, makke troch Benedictus Jans, it doopstek en de hearebanken komme út 1684. Ien hearebank is fan grytman Frans Julius Johan fan Eysinga (1752-1828). Der is in doopbekken út 1923 en in doopfont út 1954.

Yn 'e toer fan trije liddingen mei hoekepilasters en in ynsnuorre achtsidige spits hingje twa klokken, wêrfan ien út 1683 fan Petrus Overney. De wynwizer hat de foarm fan in swan. Boppe de yngong sit in snijraam yn Loadewyk XVI-styl mei dûbele hoarn fan oerfloed.

Yn 1923 is de tsjerke restaurearre ûnder lieding fan arsjitekt G.J. Veenstra. De tsjerke is in ryksmonumint. De neistlizzende pastorije út 1910 is in ûntwerp fan W.C. de Groot.

Frans Julius Johan fan Eysinga skonk de yn 1784 troch Lubbartus Bekenkamp makke oargelkas. It oargel út 1874 is makke troch Lambertus van Dam en yn 1967 restaurearre troch Bakker & Timmenga.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. pknlangweer.nl