Springe nei ynhâld

Hendrik Helder Psn.

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hendrik Helder Psn)
Hendrik Helder Pietersoan skildere fan Jan Visser jr.

Hendrik Helder Psn. (Ealsum, 26 maart 1849 - De Haach, 19 juny 1926) wie in Grinslânsk fertsjintwurdiger (1873), keapman (1882) en nôthanneler (1897), dy't oan it haad stie fan ien fan de famyljes dy't de Grinzer nôthannel fan ein 19e en begjin 20e iuw yn hannen hienen. Helder siet fan 21 july 1891 oant 2 septimber 1919 yn de Grinzer gemeenteried, yn ferskate riedskommisjes.

Hendrik Helder wie in soan fan hanneler Pieter Helder (1811-1883), dy't in houtwinkel (en lân) yn Ealsum hie, en Grietje van der Meulen. Hy troude 15 oktober 1873 yn Grins mei Anna Geertruida Hesselink, dochter fan de ferfeanter Hindrik Hesselink en Catharina Blaupot. Sy krigen fjouwer bern.

Tegearre mei syn sweager Simon Hesselink rjochte Hendrik Helder in fennoatskip ûnder firma op, dat him talei op de hannel yn flaaks, hjidde (flaaksrûch), wol, lynsied en nôt.

Nei de dea fan Simon Hesselink yn 1894 feroare Helder de firma yn de "N.V. Helder en Hesselink's graan- en zaadhandel". Yn de Earste Wrâldkriich stoarte de nôthannel yn en ûnder de Twadde Wrâldkriich krige it bedriuw de deastek; der moast ta likwidaasje fan it bedriuw oergien wurde.

Hendrik Helder Psn. wie in warber lid fan de Grinzer frijmitselderij. Fan 1910 oant 1920 wie er foarsittend master fan de frijmitselderslôzje "L' Union Provinciale" (sûnt 1772). Under syn bewâld waard der ek in nije lôzje oprjochte foar yn Grins legere Ingelske militêren, de "Gastvrijheid Lodge"[1].

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer

  • Vos, J (et al) (1972), L'Union Provinciale Groningen 5772-5972. Thoth, jrg. 23, nr. 1-2.
  • "Hendrik Helder Pieterszoon" yn de Groningsche Volksalmanak, jrg. 1927, sdn. 121-139.
  • Kooij, P (1987), Groningen, 1870-1914 : sociale verandering en economische ontwikkeling in een regionaal centrum. Assen: Van Gorcum.
  1. Sjoch foar in koarte skiednis fan de Gastvrijheid Lodge yn Grins: Skiednis fan L'Union Provinciale