Springe nei ynhâld

L' Union Provinciale

Ut Wikipedy
Segel fan de Lôzje L' Union Provinciale
Ûnderskiedingskleuren fan de Lôzje L' Union Provinciale

De Loge "L'Union Provinciale" is de âldste Frijmitselderslôzje fan Grinslân, dy't stifte is yn 1772. Se foarmet ien fan de âldste Frijmitselderslôzjes fan Nederlân. Sawol de ûnderskiedingskleuren (read en grien) as it segel fan De Loge "L' Union Provinciale" tsjutte der op dat de lôzje by har stifting de dan hearskjende sosjale en ekonomyske omstannichheden yn it positive beynfloedzje woe. Yn de tiid fan oprjochting wie der ommers frijwat skeel tusken Stêd en Ommelân. Troch de iuwen hinne hawwe de leden fan de lôzje wurke oan harren persoanlike foarming en besochten dan nei fermogen by te dragen oan in bettere mienskip. Al sûnt jier en dei lomt de Lôzje op de freedtejûn gear yn it Lôzjegebou fan de Frijmitselders oan de Turfsingel 46 yn Grins.


Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Dit artikel is in stobbe oer in organisaasje.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.