Jan Visser jr.
Jan Visser jr. (Grins, 18 oktober 1856 – Aerdenhout, 3 desimber 1938) wie in Nederlânsk keunstskilder.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Visser folge teken- en skildersopliedingen oan de Akademy Minerva yn Grins, de Ryksakademy fan Byldzjende Keunsten yn Amsterdam en de 'Rijksnormaalschool voor Tekenonderwijzers', ek yn Amsterdam. Letter wie er learling fan Johannes Hinderikus Egenberger. Hy wenne en arbeide efter elkoar yn Grins, Amsterdam, Abcoude en Zandvoort. Hy wie tekenlearaar fan berop en letter waarnimmend direkteur op de Ryksnormaalskoalle foar Tekenûnderwizers, dêr't er tal fan jonge keunstskilders oplaat hat, ûnder oaren Leo Gestel, David Bueno de Mesquita, Johan Herman Isings, Bernard F. Eilers, Hugo Polderman, Jan Ponstijn, Georg Rueter Gerard Johan Staller, Willem Knip, André Vlaanderen, Bart Peizel en Chris Lebeau.
Visser wie fral bekend fan syn kleurige blomstillibbens, mar makke ek lânskippen, portretten en figueren, yn in oan it ympresjonisme besibbe styl. Hy wie in mearsidich keunstner en wurke ek as litograaf, tekener en boetsearder.
Visser stoar yn 1938 yn de âldens fan 82 jier. Syn wurk is ûnder mear te sjen yn it Frans Hals Museum yn Haarlim.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Blauwe en griene faas mei bûket
-
Bloeiende rhododendrons
-
Nôtskeaven
-
Buorkerij ûnder Abcoude
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Frans Vermeulen: J. Visser Jr. De levensgang van een werker. C. Bander cum suis, (1936), Grins, 1936.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jan Visser jr. fan Wikimedia Commons. |