Springe nei ynhâld

Helen Duval

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Helen Duval Entertainment)
Helen Duval
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Helena
echte namme Bernadette Heesink-Friebel
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 19 septimber 1965
berteplak Edam (Noard-Hollân)
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise,
regisseur, produsinte
jierren aktyf 19932003
offisjele webside
www.helenduval.com (deade link)

Helen Duval, echte namme: Bernadette Heesink-Friebel (Edam, 19 septimber 1965), is in rêstend Nederlânsk neakenmodel, pornografysk aktrise en pornoprodusinte en -regisseur, dy't berne is yn it Noardhollânske Edam. Hja makke yn 't earstoan ek wol gebrûk fan 'e artystenamme Helena. Duval sette yn 1993 útein mei in wurkpaad yn sawol de Jeropeeske as de Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Yn 2003 beëinige se har karriêre as pornoaktrise.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Duval waard yn 1965 as Bernadette Heesink-Friebel berne yn it Noardhollânske Edam. Hja sette mei har karriêre yn 'e pornoyndustry útein as kollumnskriuwster foar it Nederlânske pornobledsje Tuk. Oan har kollumns, dy't se skreau ûnder de namme 'Helena', foege se eroatyske foto's fan harsels ta, dy't geandewei eksplisiter waarden. Uteinlik makke se yn 1993, doe't se 28 jier wie, har debút yn in pornografyske film. Dat wie nei't se yn 'e kunde kommen wie mei de Dútske pornoprodusint Hans Moser (better bekend ûnder syn artystenamme Sascha Alexander). Foar har nije karriêre as pornoaktrise naam se de skûlnamme 'Helen Duval' oan, om't dat ynternasjonaler klonk.

Duval har trochbraak as pornostjer kaam yn 1994 mei har optreden yn Private Video Magazine #7. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se dêrnei yn in sechstichtal films, yn it foarste plak foar Jeropeeske labels as it Sweedske Private, it Dútske Sascha Alexander Productions en Sarah Young Communications en it Nederlânske Video Art Holland. Se wie lykwols ek wol yn 't spier foar Amerikaanske studio's as VCA Pictures, Anabolic Video en Blue Coyote Pictures. Har lêste rol hie Duval yn 'e film Ice & Fire, út 2003. Njonken har aktearwurk wie se ek aktyf as produsinte en regisseur fan guon pornofilms mei har eigen studio Helen Duval Entertainment.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Helen Duval is blank, mei brune eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.67 m lang, mei (alteast ûnder har karriêre as pornoaktrise) in gewicht fan 54 kg. Se hat kupmaat 38D, wêrfoar't se in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hat. Behalven troch har earlellen hat se gjin piercings, mar wol hat se in tatoeaazje fan in roas op har ûnderrêch.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: