Hege Ried fan Adel
De Hege Ried fan Adel hat as taak te advisearjen oer adelssaken en oerheidsheraldyk. De Ried is ynsteld op 24 juny 1814. De Hege Ried fan Adel is gjin Heech Kolleezje fan Steat, omdat de Ried net grûnwetlik ferankere is. De gearstalling en foegen binne fêstlein yn de Wet op de adeldom fan 10 maaie 1994 (Steatsblêd 360).
De Hege Ried fan Adel hâldt him dwaande mei:
- De registraasje fan de Nederlânske adel fan it Keninkryk fan de Nederlannen (Filiaasjeregister)
- De gearstalling en de wiziging fan de wapens fan provinsjes, gemeenten en oare publykrjochtlike lichems of ynstellingen (oant 1919 hearden ek de wapens fan privaatrjochtlike ynstellingen lykas tsjerken ta it terrein fan de Ried);
- Advisearring oer de wapens en de flaggen fan it Keninkryk en fan de leden fan it Keninklik Hûs. De wapens en flaggen wurde by Keninklik Beslút fêststeld;
- It byhâlden fan in Flaggeregister wêryn't de flaggen fan provinsjes, wetterskippen en gemeenten registrearre en beskreaun binne;
- Advisearring fan de minister fan Definsje oer de emblemen en medaljes fan kriichsmachtûnderdielen, wêrûnder dy fan skippen.
- Advisearring fan de minister fan Algemiene Saken oangeande nammejouwing, titulatuer en wapenferliening fan leden fan it keninklik hûs;
- Advisearring fan de minister fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes omtrint adelssaken;
- Advisearring fan de minister fan Justysje oer fersiken ta nammewiziging, dêr't de nammen fan aadlike geslachten of fan hearlikheden belutsen binne.
De foarsitter en de leden fan de Hege Ried fan Adel wurde troch de Kroan foar it libben beneamd. As earste foarsitter fan de Ried waard yn 1814 Willem Anne baron van Spaen la Lecq (De Haach, 26 desimber 1750 - De Haach, 29 april 1817) oansteld. De hjoeddeiske foarsitter is Coen baron Schimmelpenninck van der Oije (sûnt 1991, lid sûnt 1984). De oare leden binne:
- mr. J.P. Eschauzier (sûnt 1991)
- jonkhear dr. F.K.M. van Nispen tot Pannerden (sûnt 2002)
- mr. H.C.R.M. baron de Wijkerslooth de Weerdesteijn (sûnt 2005)
- drs. R.M. barones van Pallandt (sûnt 2010).
- jhr. mr. F.J.M.I. van Rijckevorsel van Kessel (sûnt 1 jannewaris 2017).
Sekretaris is mr. E.J. Wolleswinkel (sûnt 2003).
Troch de Nasjonale Ombudsman binne yn twa saken de gedragings fan de sekretaris fan de Hege Ried fan Adel as "net behoarlik" oanmerke (Nasjonale Ombudsman, rapporten 2001/287 en 2006/0193).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |