Nasjonale ombudsman

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nasjonale Ombudsman)
Polityk yn Nederlân
Wapen fan Nederlân
Statút foar it Keninkryk fan de Nederlannen
Nederlânske Grûnwet
Regear
Steatshaad (Willem-Alexander)
Kabinet
Minister-presidint (Mark Rutte)
Ministers en steatssekretarissen
Hege Kolleezjes fan Steat
Earste Keamer
Twadde Keamer
Ried fan Steat
Algemiene Rekkenkeamer
Nasjonale ombudsman
Desintrale oerheden
Provinsjes
Provinsjale Steaten
Deputearre Steaten
Kommissaris fan de Kening
Gemeenten
Wetterskippen

De Nasjonale ombudsman is yn Nederlân in ûnôfhinklike en ûnpartidige ynstânsje dy't klachten fan boargers oer net-behoarlik gedrach fan de oerheid behannelet. Klachten tsjin it steatshaad, de Earste en Twadde Keamer, de Ried fan Steat, de Algemiene Rekkenkeamer en rjochterlike ynstânsjes nimt de ombudsman net yn behanneling.

De ombudsman wurdt troch de Twadde Keamer beneamd foar in tiidrek fan seis jier, wêrnei't in werbeneaming foar nochris seis jier mooglik is. Wannear't der in fakatuere is, giet de Twadde Keamer op 'e siik nei net minder as trije kandidaten. In spesjale sollisitaasjekommisje begeliedt en advisearret de Keamer dêrby.

De Nasjonale ombudsman bestiet sûnt 1982 nei it foarbyld fan Sweden, dêr't sûnt 1809 in ombudsman bestiet, en Denemark. Syn amt waard yn 1999 yn de Nederlânske grûnwet opnaam. Artikel 78a, de Wet Nasjonale ombudsman, omskriuwt dat amt:

1. De Nasjonale ombudsman ferrjochtet op fersyk of út eigen beweging ûndersyk nei it gedrach fan bestjoersorganen fan it Ryk en fan oare by of neffens de wet oanwiisde bestjoersorganen.
2. De Nasjonale ombudsman en in substitút-ombudsman wurde foar in by de wet te bepalen tiidrek troch de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal beneamd. Op eigen fersyk en by it berikken fan in by de wet te bepalen âldens wurde hja ûntslein. Yn de by de wet oanwiisde gefallen kinne hja troch de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal útsluten of ûntslein wurde. De wet regelet lykwols harren rjochtsposysje.
3. De wet regelet de foegen en de wurkwize fan de Nasjonale ombudsman.
4. By of neffens de wet kinne de Nasjonale ombudsman ek oare taken opdrûgen wurde.