Heechgerjochtshôf fan de Feriene Steaten
Heechgerjochtshôf fan de Feriene Steaten | |
---|---|
flagge | embleem |
algemiene gegevens | |
namme folút | Supreme Court of the United States |
ôfkoarting | SCOTUS |
lân | Feriene Steaten |
oprjochte | 1788 |
falt ûnder | neat (selsstannige ynstânsje) |
doel | rjochtshanthavening |
sifers | |
leden | 9 (sûnt 1869) |
jierliks budget | $94 miljoen (2017) |
oar | |
webside | www.supremecourt.gov |
It Heechgerjochtshôf fan de Feriene Steaten (Ingelsk: Supreme Court of the United States), ornaris better bekend as it Amerikaansk Heechgerjochtshôf, en wolris ôfkoarte ta SCOTUS, is it heechste federale gerjochtshôf fan 'e Feriene Steaten. It is fêstige yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., dêr't it syn sit hat yn it Heechgerjochtsgebou fan de Feriene Steaten. It Heechgerjochtshôf is in ynstânsje fan 'e Amerikaanske oerheid, mar is bestjoerlik selsstannich, sa't dat betamsum is yn in lân dat de skieding fan 'e machten earbiediget.
Algemien
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Heechgerjochtshôf fan de Feriene Steaten waard yn 1789 oprjochte neffens kêst III fan 'e Amerikaanske Grûnwet. It is it iennichste diel fan 'e Amerikaanske rjochterlike macht dat weromgiet op 'e Grûnwet; alle oare gerjochtshôven en rjochtbanken binne ynsteld troch it Amerikaanske Kongres. It Heechgerjochtshôf fan de Feriene Steaten is de hoeder en hanthavener fan 'e Amerikaanske Grûnwet en fan 'e Amerikaanske federale wetjouwing, hoewol't de ynfloed derfan beheind is ta rjochtsaken dêr't it jurisdiksje oer hat. It is it ultime hôf fan berop yn 'e Feriene Steaten, ferlykber mei de Ried fan Steat yn Nederlân. Sadwaande binne de útspraken fan it Heechgerjochtshôf finaal, wat betsjut dat der net fierder tsjin yn heger berop gien wurde kin. It hôf kin der trouwens ek foar kieze om oan te jaan dat it fynt dat it sels yn in beskate saak gjin foech hat; dêrmei wurdt sa'n saak weromferwiisd nei it fûnis fan in legere rjochtbank.
Leden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Heechgerjochtshôf bestiet sûnt 1869 út njoggen leden: de opperrjochter fan de Feriene Steaten en acht mei-rjochters fan it Heechgerjochtshôf fan de Feriene Steaten. Alle njoggen wurde dy't nominearre troch de sittende presidint fan de Feriene Steaten en befêstige troch de Amerikaanske Senaat. Sawol de opperrjochter as de mei-rjochters wurde yn prinsipe foar it libben beneamd, of it moat wêze dat se der út eigen beweging foar kieze om ûnslach te nimmen of mei pinsjoen te gean, of dat se ûnfrijwillich ôfset wurde fanwegen ûnbekwaamheid, hoewol't dat lêste noch nea foarkommen is.
Hjoed oan 'e dei wurde de leden fan it Heechgerjochtshôf fan de Feriene Steaten ornaris klassifisearre as konservatyf, moderaat of progressyf (yn 'e Feriene Steaten liberal neamd) yn harren politike en maatskiplike opfettings en juridyske ynterpretaasje. By eltse rjochtsaak dy't it Heechgerjochtshôf oanheart, hat elts fan 'e leden ien stim, en hoewol't in protte saken mei unanime stimmen beslist wurde, komt út 'e wichtichste en/of kontroversjeelste saken gauris in dúdlik ferskil yn ideologyske opfettings nei foarren tusken benammen de konservative en de progressive leden. Dêrby kin yn 'e regel de miening fan 'e konservative leden lykslein wurde mei dy fan 'e Republikeinske Partij, wylst de miening fan 'e progressive leden oerienkomt mei dy fan 'e Demokratyske Partij.
Per 1 jannewaris 2017 wie de opperrjochter John Roberts; mei-rjochters fan it Heechgerjochtshôf wiene: Samuel A. Alito, Stephen G. Breyer, Ruth Bader Ginsburg, Elena Kagan, Anthony Kennedy, Sonia Sotomayor en Clarence Thomas. De achtste mei-rjochterssit wie fakant sûnt febrewaris 2016, doe't Antonin Scalia kommen wie te ferstjerren. Neitiid joech Kennedy syn sit yn july 2018 op, wylst Ginsburg yn septimber 2020 kaam te ferstjerren. Dat stelde de Republikeinske presidint Donald Trump by steat om trije nije aartskonservative rjochters yn it Heechgerjochtshôf te beneamen: Neil Gorsuch yn april 2017, Brett Kavanaugh yn oktober 2018 en Amy Coney Barrett yn oktober 2020. Dêrmei waard it polityk lykwicht fan it hôf bliuwend fersteurd, mei't de konservativen der doe in mearderheid fan 6 tsjin 3 krigen. Dat hie fiergeande gefolgen, lykas it omsmiten, yn juny 2022, fan 'e eardere útspraak fan it Heechgerjochtshôf yn 'e rjochtsaak Roe v. Wade út 1973, wêrmei't it algemien rjocht op abortus yn 'e Feriene Steaten opheft waard.
Utspraken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Guon fan 'e meast ferneamde en ynfloedrike rjochtsaken dy't troch útspraken fan it Heechgerjochtshôf fan de Feriene Steaten besljochte waarden, wiene:
- Worcester v. Georgia (1832), wêrmei't it Heechgerjochtshôf de deportaasje fan 'e Sjeroky út Georgia ferbea (dizze útspraak waard mienens en wittens negearre troch de steat Georgia en troch presidint Andrew Jackson)
- Brown v. Board of Education (1954), wêrmei't it near lein waard op 'e rasiale segregaasje yn it ûnderwiis
- Miranda v. Arizona (1966), wêrmei't de rjochten fan arrestanten fan 'e plysje fêstlein waarden
- Loving v. Virginia (1967), wêrmei't it yn 'e hiele Feriene Steaten legaal waard foar blanken en swarten om mei-inoar te trouwen
- Roe v. Wade (1973), wêrmei't it rjocht op abortus fêstlein waard (yn 2022 omsmiten troch in nije útspraak fan it Heechgerjochtshôf yn 'e saak Dobbs v. Jackson Women's Health Organization)
- Bowers v. Hardwick (1986), wêrmei't it ferbod op geslachtsferkear tusken manlju (dat yn guon steaten noch bestie) fan tafel reage waard
- Bush v. Gore (2000), wêrmei't de útkomst fan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2000 bepaald waard
- Citizens United v. Federal Election Commission (2010), wêrmei't it rjocht fan bedriuwen en oare rjochtspersoanen fêstlein waard om safolle jild oan presidintskampanjes te jaan as se mar wolle
- Obergefell v. Hodges (2015), wêrmei't it homohoulik yn 'e hiele Feriene Steaten legaal waard
Utspraken fan it Heechgerjochtshôf fan de Feriene Steaten kinne mei opsetsin troch it Amerikaanske Kongres weromdraaid wurde troch in amendemint oan 'e grûnwet ta te foegjen. Dat is yn 'e Amerikaanske skiednis fiif kear bard:
- Chisholm v. Georgia (1793), oer de fraach oft Amerikaanske steaten ymmuniteit hawwe foar rjochtsaken dy't tsjin har oanspand wurde (it Heechgerjochtshôf fûn fan net), weromdraaid troch tafoeging fan it Alfde Amendemint (1795)
- Dred Scott v. Sandford (1857), oer de fraach oft in neger, oft dy no frij of slaaf wie, mar waans foarâlden as slaven nei de Feriene Steaten ta brocht wiene, in Amerikaansk steatsboarger wêze koe (it Heechgerjochtshôf fûn fan net), weromdraaid troch tafoeging fan it Trettjinde Amendemint (1865)
- Minor v. Happersett (1875), oer de fraach oft de Amerikaanske Grûnwet ymplisyt oan froulju it kiesrjocht joech (it Heechgerjochtshôf fûn fan net), weromdraaid troch tafoeging fan it Njoggentjinde Amendemint (1920)
- Pollock v. Farmers' Loan & Trust Co. (1895), oer de fraach oft it heffen fan belestings ûnder de Income Tax Act fan 1894 tsjin 'e grûnwet yngie of net (it Heechgerjochtshôf fûn fan al), weromdraaid troch tafoeging fan it Sechstjinde Amendemint (1913)
- Oregon v. Mitchell (1970), oer de fraach oft it Amerikaanske Kongres it rjocht hie om in minimumleeftyd oan it kiesrjocht te ferbinen (it Heechgerjochtshôf fûn fan al) en oft Amerikaanske steaten it rjocht hiene om analfabeten it kiesrjocht te ûntnimmen (it Heechgerjochtshôf fûn fan net), weromdraaid troch tafoeging fan it Seisentweintichste Amendemint (1971)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|