Hamminkeln
Hamminkeln | ||
![]() | ||
Riedshûs | ||
Emblemen | ||
![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
Dielsteat | ![]() | |
Kring | Wesel | |
Stedsyndieling | 7 Ortsteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 27.450 (31.12.2023) | |
Oerflak | 164,53 km² | |
Befolkingsticht. | 167 ynw./km² | |
Hichte | 21 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 46499 | |
Koördinaten | 51°43'NB, 6°35'EL | |
Offisjele webside | ||
www.hamminkeln.de | ||
Kaart | ||
Hamminkeln is in ortsteil en gemeente yn 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd falt ûnder de Kreis Wesel yn it Regierungsbezirk Düsseldorf. Hamminkeln is de jongste stêd en ek wat oerflak oanbelanget de grutste stêd fan de kreis.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fanút de rjochting Raesfeld streamt de Issel troch de gemeente oant 'e stedsgrins fan Wesel, om fan dêrwei fierder nei it noardwesten yn Wertherbruch it stedsgebiet rjochting Isselburg te ferlitten. De Ryn streamt likernôch 12 kilometer west fan it ortsteil Hamminkeln. De ôfstân fan Hamminkeln oant de Nederlânske grins bedraacht likernôch 16 kilometer. Twatredde fan it stedsgebiet leit yn it Natoerpark Hohe Mark-Westmünsterland. Oan de stedsgrins mei Wesel leit it natoergebiet Diersfordter Forst/Großes Veen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Issel foarme al yn 'e tiid fan de Romeinen in natuerlike grins. Yn 'e tiid fan it folkeferarren om 350 hinne foarme de rivier de grins tusken de kristlike Franken yn it westen en 'e heidenske Saksen yn it easten. De namme Hamminkeln dûkt yn it 946 foar it earst as "Hamwinkile" yn in dokumint op.

Yn 'e 16e iuw waard Hamminkeln protestantsk. Sûnt 1568 waard Hamminkeln ek belutsen yn 'e Tachtichjierrige Kriich tusken Spanje en de Nederlannen. In soad Nederlanners flechten fral nei Wesel, mar ek nei Hamminkeln. Dat hie fan gefolgen dat de ynearsten lutherske gemeenten yn kalvinistyske gemeenten feroaren. Doe't de Spanjaarden de omkriten wer besetten naam it katolisisme op 'e nij yn belang ta. Yn 'e regel wiksele de hearskippij en de religy mei geweld. Alhoewol't hja yn de minderheid wiene setten de grifformearden dochs harren stimpel op 'e protestantske gemeente fan Hamminkeln, oant de Evangelische Kirche der altpreußischen Union yn Prusen en lânsdielen dy't ûnder Prusen foelen yn 1817 in ein makke oan 'e skieding fan kalvinisten en lutheranen.
Yn Ringenberg tsjinne it wetterkastiel mei deselde namme, ea boud troch Sueder fan Dingden, as grinsfêsting. Yn 'e Tritichjierrige Kriich waard it kastiel ferneatige. De fjildmaarskalk Aleksander fan Spaen liet it slot wer yn de Nederlânske barok opbouwe.
Op 5 augustus 1758 fersloech luitenant-generaal Filipp fan Imhoff yn 'e Sânjierrige Kriich de Frânske troepen ûnder lieding fan generaal François de Chevert. De saneamde Slach by Meer wurdt hjoeddedei mei it Imhoff-monumint oan 'e tsjintwurdige Storchenweg yn Mehrhoog betocht op it plak dêr't de slach plakfûn hat.

Grutte dielen fan Hamminkeln waarden op 24 maart 1945 yn it ramt fan 'e Operaasje Varsity troch alliearre striidkrêften brûkt foar parasjutisten en foar de lâning fan skippen. It doel fan 'e operaasje wie in brêgehaad oer de Ryn by Wesel te slaan, nei't earder it oerstekken fan 'e rivier by Arnhim mislearre wie. De Operaasje Varsity wie de grutste alliearre loftlâningsoperaasje yn 'e Twadde Wrâldkriich.
Kleaster Marienthal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Op 7 juny 1256 wijde de biskop fan Müster it nije Augustynske kleaster yn Brünen-Beylar yn. Troch de namme Marienthal rekke de âlde namme Beylar yn 'e rin fan 'e tiid yn ûnbrûk. Om't it wetter fan 'e Issel it lân drige oer te strûpen moast it kleaster yn 'e 14e iuw ferhûzje nei it tsjintwurdige plak, dat net sa fier fan it âlde plak ôf leit. Mei de besetting fan it Rynlân troch Napoleon waarden yn it ramt fan 'e sekularisaasje hast alle kleasters opheven. Ek de muontsen fan Marienthal waarden ferjage, wylst de measte kleastergebouwen ôfbrutsen waarden en de kleastertsjerke waard in parochytsjerke. Under lieding fan pastoar Augustinus Winkelmann waard Marienthal yn 'e jierren 1920-1930 in wichtich sintrum fan moderne sakrale keunst. Yn 1986 namen Karmeliten de sielssoarch fan 'e parochy oer. Hja brochten wer monastyk libben nei it plak en stelden harren kleaster ûnder beskerming fan 'e hillige Titus Brandsma.[1]
Stedsyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd Hamminkeln is ferdield yn sân ortsteile. De ortsteile Hamminkeln (± 6.700 ynwenners) en Ringenberg (± 1.800 ynwenners) foarmje it sintrum fan it stedsgebiet. Oare delsettings binne Dingden (± 7.100 ynwenners), Mehrhoog (± 6.300 ynwenners) en Brünen (± 4.100 ynwenners). De lytsere doarpen wurde foarme troch Wertherbruch (± 1.050 ynwenners), Loikum (± 800 ynwenners) en Marienthal (± 600 ynwenners).
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje](alle kearen op 31 desimber)[2]
Jier | 1980 | 1985 | 1990 | 1995 | 2000 | 2005 | 2010 | 2012 | 2014 | 2016 | 2018 |
Ynwenners | 22.607 | 23.880 | 25.380 | 27.330 | 27.722 | 27.895 | 27.899 | 27.380 | 27.618 | 27.836 | 27.792 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Hamminkeln
|