Springe nei ynhâld

Raesfeld

Ut Wikipedy
Raesfeld
Loftfoto fan it Slot Raesfeld mei de slotkapel Sint-Sebastianus
Loftfoto fan it Slot Raesfeld mei de slotkapel Sint-Sebastianus
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
Kreis Borken
Sifers
Ynwennertal 11.646 (31.12.2023)
Oerflak 57,95 km²
Befolkingsticht. 201 ynw./km²
Hichte 59 m boppe seenivo
Oar
Postkoade 46348
Koördinaten 51°46'NB, 6°50'EL
Offisjele webside
www.raesfeld.de
Kaart
Raesfeld (Noardryn-Westfalen)
Raesfeld

Raesfeld (Nederdútsk: Raosfeld) leit yn it Westmünsterland yn it noardwesten fan 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De namme Raesfeld stiet foar it doarp sels, mar ek foar namme fan 'e gemeente. De gemeente is de meast súdlike gemeente fan 'e kreis Borken, dat yn it Regierungsbezirk Münster leit. Yn it noardlike gemeentegebiet leit de boarne fan 'e Issel.

Yndieling gemeente

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de gemeente Raesfeld falle de doarpen Raesfeld, Erle en it noardlike diel fan 'e eardere gemeente Overbeck. Dêrnjonken telt de gemeente noch in grut tal buorskippen: Freiheit, Winkelschulte, Westrich, Homer, Brink, Möllmann, Femeiche, Östrich, Brook en Löchte.

Raesfeld wurdt foar it earst yn it jier 889 as "Hrothusfeld" yn it register fan besittings fan 'e abdij Werden neamd.

Wetterslot Raesfeld.

Tusken ûntagonklike sompen waard yn 1117 op in heuvel noardlik fan it lytse plak in toerfoarmich kastiel boud, dat de namme Kretier krige. De earste bekende hear fan it kastiel wie om 1170 hinne Rabodo fan 'e Berge. Hie wie nei alle gedachten ek de stifter fan 'e tsjerke fan Raesfeld, dêr't it hjoeddeiske doarp om hinne boud waard. Al gau nei de ferkeap fan it kastiel oan 'e ridder Symon fan Gemen yn 1259 baarnde de boarch ôf. Symon boude doe op it plak fan it hjoeddeiske slot in nije boarch en neamde himsels dêrnei Symon fan Rasfelde.

Yn 'e neisleep fan in skeel foelen yn 'e simmer fan 1458 manlju út Bocholt it doarp binnen en baarnden de tsjerketoer ôf. De weropbou fûn plak oant 1515 en waard betelle mei ôflaatbrieven. Yn 1560 gyng in grut part fan it doarp op 'e nij troch brân ferlern.

Fjildmaarskalk Aleksander II fan Vehlen ferboude de âlde boarch yn 'e jierren 1643-1658 ta in residinsjeslot.

Raesfeld hie yn 'e Tritichjierrige Kriich en ek nochris hûndert jier letter yn 'e Sânjierrige Kriich ferskate kearen te lijen fan besetting en plonderings troch de ferskillende partijen.

Oant 1939 hie Raesfeld in joadske gemeente. De synagoge waard yn 1938 ferneatige. De frijkommen stiennen waarden troch it nasjonaalsosjalityske bestjoer brûkt foar it oanlizzen fan strjitten. Mar in pear leden fan 'e gemeente oerlibben de Twadde Wrâldkriich, de measten kamen yn it konsintraasjekamp Auschwitz om it libben.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Slotkapel Sint-Sebastianus.
Herten yn de bistetún fan Raesfeld.
Mûne fan Erl.
  • It meast ferneamde bouwurk fan 'e gemeente is it wetterslot Raesfeld mei de oan Sint-Sebastianus wijde slotkapel.
  • It museum by it slot (Museum am Schloss Raesfeld) ynformearret oer de Twadde Wrâldkriich yn Raesfeld.
  • De oangrinzgjende histoaryske bistetún (Tiergarten Schloss Raesfeld) is net in kastielpark lykas wenst en it is ek gjin bistetún yn 'e tradisjonele betsjutting. De 100 hektare grutte tún datearret út de tiid fan 'e renêssânse en sjocht der út as in natuerlik terrein mei beammen en fivers, dêr't ryksgraaf Aleksander fan Vehlen njonken wyld eartiids ek eksoaten hold. Tsjitwurdich libje der lânseigen bisten yn in fierders hiel natuerlike omjouwing.
  • Yn 'e gemeente Raesfeld leit ek de boarne fan 'e Issel.
  • De doarpstsjerke Sint-Martinus is in grutte neogoatyske halletsjerke út 1856-1860.
  • Oan 'e Ekhornsloh yn it doarp Erle stiet by de âlde pastorij ien fan 'e âldste ikebeammen fan Dútslân, de Femeiche. De beam hat in âlderdom fan tusken de 600 en 850 jier.
  • Yn it doarp Erle steane ek in toermûne, de neogoatyske Sint-Silvestertsjerke en in Heimatmuseum.

Histoarykse Kappesmerk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle jierren wurdt yn 'e regel yn it wykein nei Alderheljen de saneamde Kappesmarkt yn Raesfeld organisearre. It Dútske wurd Kappes stiet foar koal. Oarspronklik waarden op 'e merk alle soarten koal en krûden ferkocht, mar tsjintwurdich is it oanbod folle breder en wurdt der fan alles ferkocht. De merk is fier bûten de gemeentegrinzen bekend en wurdt goed besocht troch hannelslju mei spesjaliteiten út it hiele lân.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Raesfeld