Springe nei ynhâld

Hamburger domtsjerke (Alde Marijedom)

Ut Wikipedy
Alde Marijedom
Alter Mariendom
Lokaasje
lân Dútslân
plak Hamburch
koördinaten 53° 32' N 9° 59' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 1235-1540
sloopjier 1805-1806
boustyl gotyk
Kaart
Hamburger domtsjerke (Hamburch)
Hamburger domtsjerke

De Hamburger domtsjerke (ek: (Alde) Marijedom; Dútsk: Alter Mariendom) wie in tsjerkegebou yn de binnenstêd fan Hamburch. It wie eartiids de katedraal fan it eardere katolike aartsbisdom Bremen-Hamburch. Nei de reformaasje waard de katedraal in lutherske tsjerke oant de stêd yn 1805 opdracht joech ta de sloop fan de katedraal.

De dom stie súdlik fan de wat letter boude Petrustsjerke yn it âldste diel fan Hamburch op in sânrêch tusken de Alster en de Elbe. Strjitnammen lykas Domstraße, Curienstraße en (ynformeel) Domplatz betinke ek tsjintwurdich noch de eardere domtsjerke.

Plattegrûn (1804)

De earste tsjerke op it plak waard om 811 hinne as missytsjerke foar Noard-Dútslân en Skandinaavje stifte. Al yn de 9e iuw ferhûze de biskopssit fan Hamburch nei Bremen, twa jier nei't Wytsings de tsjerke ferneatigen. Yn Hamburch bleau in kapittel efter en de tsjerke hold de titel dom. In de tiid dy't folge waard de dom nochris twa kear ferneatige en werboud. Yn de 13e iuw waard útein set mei de bou fan in nije goatyske domtsjerke, werfan't de ynwijing op 18 july 1329 plakfûn.

Tsjin it ein fan de iuw waard it trijeskippige gebou mei nochris twa skippen útwreide en ta halletsjerke ferboud. Dy tsjerke bleau oant de ôfbraak yn de iere 19e iuw sa foar it measte stean. Yn 1443 krige de domtsjerke noch in toerspits en yn de 16e iuw waard noch in foarhal tafoege, sadat de kleastergong nei it noarden ta ôfsletten waard.

It domkapittel hold tafersjoch op de tsjerken fan Hamburch en omkriten. It koe pastoars beneame en hie jurisdiksje oer geastlike saken. De domhearen wiene fral út de Holsteiner adel of út de boppelaach ôfkomstich en hiene sûnt 834 immuniteit.

Sûnt 1522 krige de reformaasje yn Hamburch mear en mear foet oan 'e grûn. Al yn 1526 wiene de measte ynwenners op de lutherske lear oergien en sûnt 1528 gyng ek de stedsried oer op it protestantske leauwe. Op fersyk fan de ried stjoerde Marten Luther syn meistanner Jehannes Bugenhagen nei Hamburch, dy't dêr oant 1529 wurke oan in nije tsjerkeoarder foar de stêd. Bugenhagen woe oarspronklik de prebinden en de ynkomsten fan de domtsjerke en it kapittel tsjin liifrintes ynlûke en oerdrage oan de skatkiste fan de stedstsjerke, om sa de predikanten te beteljen. Mar de domhearen wiene yn 1529 noch jimmeroan trou oan Rome en woene net om lyk. Ferskillende domhearen ferlieten dêrnei de stêd en de dom waard sels foar in skoft sletten.

It skeel wie al oankaarte by it Rykskeamergerjocht, mar de striidbile waard pas nei de Schmalkaldyske Kriich (1546-1547) en de Frede fan Augsburg begroeven. Yntusken wiene no ek leden fan it domkapittel oergien op de nije leare en de fiering fan de katolike misse ferbean. De domtsjerke waard yn 1540 op 'e nij iepene as lutherske tsjerke.

Troch keizer Ferdinand kaam yn 1561 it Ferdrach fan Bremen ta stân en it domkapittel joech dêrmei syn ynfloed op de Hamburger stedstjerken op, mar it bleau de baas yn de domtsjerke en it hold ek de ynkomsten en de jurisdiksje oer de domhearen. Sûnt wie de dom oant 1648 in ûnder de lutherske aartsbiskop fan Bremen fallend enklave yn Hamburch. Nei de Frede fan Westfalen gyng de dom mei it aartsstift Bremen oer yn hannen fan Sweden en yn 1715 oan it karfoarstendom Hannover.

Sloop fan de Hamburger domtsjerke yn 1806

Nei de Reichsdeputationshauptschluss yn 1803 waard de domtsjerke ûntwijd en fan de stêd yn beslach nommen. Fanwegen de kosten en de yn ferhâlding lytse tsjerklike gemeente naam de stedsried yn 1804 it beslút om de Marijedom ôf te brekken. Yn dy tiid bestie der gjin ynteresse foar it keunsthistoaryske belang en it kostbere ynterieur fan de dom. Yn juny 1804 folge de lêste tsjinst yn de tsjerke en dêrnei moasten de resten fan de likernôch 25.000 begroeven omskotten opgroeven wurde, dy't yn de rin fan de tiid yn en om de tsjerke leine. De sloop sette yn maaie 1805 útein mei it ferwiderjen fan de klokken en de ôfbraak fan de toer. Op 11 july 1805 folge de ferkeap fan de ynvintaris en oant 1806 de sloop fan it hiele gebou. Sels de fûneminten waarden útgroeven om de stiennen en sarken as goedkeap boumateriaal wer te brûken. Dêrfandinne is ek de oarspronklike foarm fan de tsjerke net mear mei eksakte wissens te rekonstruëarjen. De stiennen en (grêfmonuminten) waarden foar in part brûkt foar it ferbetterjen fan de diken oan de Elbe en de oanlis fan it riolearingssysteem fan de stêd.

Panelen fan it Stumme-alter

Mei tank oan it krewearjen fan Philipp Otto Runge bleau lykwols in part fan de ynrjochting bewarre foar de ûndergong. Sa binne in pear letmidsiuwske altaren fan Hamburger masters lykas Absolon Stumme en Hinrik Bornemann bewarre bleaun. Resten binne tsjintwurdich te finen yn it Nasjonale Museum fan Warsjau. Yn Hamburch is it Lukasalter fan it skildersgild noch te sjen yn de Jacobitsjerke. Ferskildene finsters mei brânskildere ramen út de 15e iuw waarden troch de nije roomske Helena- en Andreastsjerke fan Ludwigslust oernommen. Fan de klokken bleau allinne in yn 1487 getten klok oer, dy't hjoed-de-dei yn de Nikolaastsjerke fan Altengamme hinget.

Nei de ôfbraak

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Domplatz

Nei de ôfbraak bleau it plak leech oant Carl Ludwig Wimmel en Franz Gustav Forsmann yn de jierren 1838-1840 it nije gymnasium bouwe lieten. Dat oerlibbe de grutte stedsbrân fan 1842, mar by de swiere bombardeminten op de stêd yn 1943 waard it ferneatige. Nei it romjen fan it pún en de restanten yn 1955 waard oer it plak de Domstraße oanlein. In plan om in modern glêzen en stalen gebou del te setten sjitte op protesten fan ynwenners en waard ynlutsen.

Sûnt 2009 is it gebiet in argeologysk park. In muorre fan staalplaten jouwe de eardere muorren oan fan de domboarch, dy't ûnderdiel fan de ringmuorre mei in trochsnit fan 140 meter hearde en noch út de tiid datearre doe't de earste bebouwing fan de stêd plakfine moast. 39 wite banken, dy't nachts fan binnenút opljochtsje, jouwe de plakken oan fan de pylders fan de halletsjerke. It lêste stikje fragmint fan de ea sa mânske domtsjerke is noch troch in lyts finsterke yn ien fan de banken te sjen.

Yn 1893 waard yn it stedsdiel Sankt Georg de nije Marijetsjerke boud as roomsk-katolike haadtsjerke fan de stêd Hamburch. Yn it jier 1995 waard de tsjerke nei de weroprjochting fan it aartsbisdom Hamburch de katedraal.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Hamburger Dom (Alter Mariendom)