Mosk
mosk | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Passer domesticus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De mosk of húsmosk (Passer domesticus) is in lytse oant middelgrutte sjongfûgel dy't benammen fan sied en ynsekten libbet. Tegearre mei sa'n fjirtich oare moskesoarten sa as de fjildmosk foarmet er it skaai Passer. Mei sân oare skaaien foarmet dit skaai de famylje fan 'e moskfûgels (Passeridae), dy't sa'n 43 soarten befiemet.
Foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mosken wurde faak trochinoar helle mei fjildmosken. It mantsje fan de Mosk hat lykwols in griis krún wylst de fjildmosk in brún krún hat. It wyfke fan de Mosk is wat ientoaniger fan kleur, nammentlik brún.
De 14-16 cm grutte Mosk komt oeral foar dêr't minsken har te wenjen set ha. De fûgel komt foaral yn doarpen en stêden foar, minder yn de bosken. Mosken binne siediters, mar se meie ek graach ite wat de minsken falle litte. De jongen wurde fuorre mei ynsekten.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oarspronklike ferspriedingsgebiet fan de Mosk leit yn Jeropa, Noard-Afrika en Aazje. Sûnt it midden fan de 19e iuw hat de mosk op tal fan oare kontinenten syn plak fûn en is dêrtroch ien fan de fûgels mei it grutste ferspriedingsgebiet.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte Passer domesticus omfiemet 12 ûndersoarten: P. d. domesticus, balearoibericus, biblicus, hyrcanus, persicus, indicus, bactrianus, parkini, hufufae, tingitanus, niloticus en rufidorsalis. De ûndersoarte domesticus ("nominaatfoarm") is de noardlikste, dy't fan West-Jeropa oant noardlik Japan foarkomt, en ek yn oare parten fan 'e wrâld yntroduseare is. De Italiaanske foarm is sa ferskillend fan 'e oare foarmen dat er tsjintwurdich as aparte soarte Italiaanske mosk (Passer italiae) beskôge wurdt.
Nêstplakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mosken bouwe rommelige nêsten meast fan gersstâlen ûnder dakpannen, dakspanten en yn hoalen yn muorren. Se kinne yn in jier tiid twa oant trije nêstjes jongen grutbringe. De aaien wurde troch beide âlden yn sa'n 10 oant 15 dagen útbret. Dêrnei duorret it meast sa'n 14 oant 16 dagen foardat de jongen útfleane.
Tebekrin yn Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt de 70-er jierren fan de 20e iuw is it tal mosken yn Nederlân hurd tebek rûn: fan nei skatting 1 á 2 miljoen yn de 70-er jierren oant sa'n 0,5 á 1 miljoen briedpearen yn 2015. Derom stiet de mosk as 'gefoelich' op de Nederlânske Reade list fan fûgels.
As oarsaken binne ûnder oaren it lytser tal geskikte nêstgelegenheden troch oare en hechtere dakbedekking, it brûken fan bestridingsmiddels wêrtroch it tal ynsekten ôfnaam is, en it effisjinter brûken fan kealsleine grûn wêrtroch it tal foeraazjeplakken ôfnommen is oan te wizen.
De fûgelbeskerming hat in aksje op tou set om it tebekgong fan de mosk tsjin te gean. Er moat mear grien yn de stêden en doarpen komme. Ek moatte der mear nêsthokken pleatst wurde.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fûgelsoarte
- Mosk
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Bachrein
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn de Maldiven
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Eksoat yn Yslân
- Eksoat yn Senegal
- Eksoat yn Gambia
- Eksoat yn Tanzania
- Eksoat yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Eksoat yn Angoala
- Eksoat yn Namybje
- Eksoat yn Botswana
- Eksoat yn Súd-Afrika
- Eksoat yn Simbabwe
- Eksoat yn Lesoto
- Eksoat yn Swazylân
- Eksoat yn Mozambyk
- Eksoat yn Malawy
- Eksoat yn Austraalje
- Eksoat yn Nij-Seelân
- Eksoat yn Alaska
- Eksoat yn Belize
- Eksoat yn El Salvador
- Eksoat yn de Feriene Steaten
- Eksoat yn Gûatemala
- Eksoat yn Hondoeras
- Eksoat yn Jamaika
- Eksoat yn de Kaaimaneilannen
- Eksoat yn Kanada
- Eksoat yn Kosta Rika
- Eksoat yn Kuba
- Eksoat yn Meksiko
- Eksoat yn Nikaragûa
- Eksoat yn Panama
- Eksoat yn Sint-Pierre en Miquelon
- Eksoat yn Argentynje
- Eksoat yn Bolivia
- Eksoat yn Brazylje
- Eksoat yn de Falklâneilannen
- Eksoat yn Ekwador
- Eksoat yn Kolombia
- Eksoat yn Oerûguay
- Eksoat yn Paraguay
- Eksoat yn Perû
- Eksoat yn Sily