Gremlins (franchise)

Ut Wikipedy
Gremlins
betinker Chris Columbus
eigner Amblin Entertainment
lân Feriene Steaten
begjinjier 1984
films
langspylfilms Gremlins
Gremlins 2: The New Batch
tillefyzje
tekenfilmsearjes Gremlins: Secrets of the
   Mogwai
spultsjes
fideospultsjes ferskaat, sjoch hjirre
literatuer
romans Gremlins
Gremlins 2: The New Batch
muzyk
soundtracks Gremlins
Gremlins 2: The New Batch

Gremlins is in Amerikaanske mediafranchise dy't yn 1984 begûn mei de súksesfolle film Gremlins. De geastlike heit dêrfan wie senarioskriuwer (en letter filmmakker) Chris Columbus. De franchise bestiet tsjintwurdich út twa films mei byhearrende soundtrackalbums en ferboekings, in tekenfilmsearje en ferskate fideospultsjes. Gremlins is eigendom fan Amblin Entertainment, de filmstudio fan Steven Spielberg.

Films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gremlins[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Gremlins (film).

Yn Gremlins kriget de jongeman Billy Peltzer (Zach Galligan) fan syn heit by wize fan krystkado in mogwai as húsdier, dat stellen is fan syn rjochtmjittige eigner, menear Wing (Keye Luke). It is in alderaardichst lyts wêzentsje dat Gizmo (ynsprutsen troch Howie Mandel) komt te hjitten. As Billy him lykwols net oan 'e fersoargingsfoarskriften hâldt, ûntsteane út Gizmo ferskate oare mogwai. Dy ûntpoppe har ta agressive en destruktive lytse meunsters ("gremlins"), dy't it hiele stedsje de fernieling yn helpe. It falt oan Billy en syn faam Kate (Phoebe Cates) ta om regaad te meitsjen. Gremlins waard regissearre troch Joe Dante nei in senario fan Chris Columbus. Steven Spielberg wie as útfierend produsint by de film belutsen. Gremlins gie op 8 juny 1984 yn premiêre, en brocht $212,9 miljoen op tsjin in budget fan $11 miljoen. Ek wûn de film 5 Saturn Awards en in Young Artist Award.

Gremlins 2: The New Batch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Gremlins 2: The New Batch.

Yn Gremlins 2: The New Batch falt Gizmo (Howie Mandel) nei it ferstjerren fan menear Wing yn 'e hannen wittenskippers sûnder skrupules, mei as gefolch dat der troch ûnachtsumens wer in legerke gremlins ûntstiet. Dy meitsje diskear in wolkekliuwer yn 'e grutte stêd ûnfeilich. Billy (Zach Galligan) en Kate (Phoebe Cates), dy't tafalligerwize op kantoar yn dyselde wolkekliuwer wurkje, moatte de problemen op 'e nij oplosse. Gremlins 2: The New Batch waard ek wer regissearre troch Joe Dante, diskear nei in senario fan Charles S. Haas. De film gie op 15 juny 1990 yn premiêre, en hoewol't er goed ûntfongen waard troch de filmkritisy, foel er omreden fan syn mear satiryske toan minder yn 'e smaak by it publyk. Gremlins 2: The New Batch brocht $41,5 miljoen op tsjin in budget fan $30 oant 50 miljoen.

Tillefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gremlins: Secrets of the Mogwai[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Gremlins: Secrets of the Mogwai.

Gremlins: Secrets of the Mogwai is in kompjûteranimearre fantasykomeedzjesearje. De searje is in prequel fan 'e film Gremlins, en spilet yn 'e 1920-er jierren. Der wurdt sjen litten hoe in tsienjierrige Sam Wing yn Sjanghai de jonge mogwai Gizmo moetet. De searje waard fan 2023 yn 'e Feriene Steaten útbrocht fia streamingtsjinst HBO Max.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e film Gremlins waard de ferboeking Gremlins skreaun troch George Gipe. It boek ferskynde yn 1984 by útjouwerij Avon Books. Ek fan 'e ferfolchfilm Gremlins 2: The New Batch waard in ferboeking makke, Gremlins 2: The New Batch, skreaun troch David Bischoff en útjûn yn 1990.

Muzyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Gremlins-franchise binne de folgjende soundtrackalbums ferskynd:

Fideospultsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Gremlins-franchise binne de folgjende fideospultsjes ferskynd:

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.