Springe nei ynhâld

Gotlân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gotland)

Gotland
Lânskip
Lân Flagge fan Sweden Sweden
Lânsdiel Götaland
Provinsje(s) Gotlands län
Koördinaten 57° 30′ NB 18° 33′ EL
Oerflak 3.183,7 km²
Ynwennertal 58.003  (31-12-2016)
Befolkingstichtens 18,2 ynwenners/km²
Tiidsône MET  (UTC+1)
Simmertiid MEST  (UTC+2)
Webstee: www.gotland.com
Satellytbyld fan Gotlân.
Ringkrús. Oerbleaun út de Wytsingetiid.

Gotlân (Sweedsk: Gotland) is in Sweedsk eilân yn de Eastsee op in ôfstân fan likernôch 100 kilometer fan it Sweedske fêstelân. Tegearre mei ferskate omlizzende eilannen foarmet Gotlân ek in provinsje, in lânskip en in gemeente. It folsleine gebiet beslacht in oerflak fan 3.183,7 km².

De haadstêd fan it eilân is Visby, dat ek wol bekend is as de roazestêd troch de protte roazen dy't dêr set binne. Visby hat sa'n 22.600 ynwenners, dat is sa'n 40 % fan de totale eilânbefolking. Oan de eastkust fan Gotlân leit it havenstêdsje Slite mei in grutte semintfabryk.

Gotlân is ferneamd fanwege de protte burchten, ruïnes, tsjerken en âlde doarpen dy't it hat. Toerisme is de wichtichste boarne fan ynkommen, mar ek is der lânbou, yndustry (Cementa yn Slite) en tsjinstferliening (Payex te Visby). Ut reden fan de protte tsjerken út de 13e- en 14e iuw wurdt Gotlân ek wol oantsjut as "it eilân fan de hûndert tsjerken". Yndie is it sa dat hast elts fan de hast hûndert histoaryske parochys syn iuwenâlde, meast restaurearre tsjerke hat.[1]

Kaart fan Gotlân
De âld stedsmuorre fan Visby, by the noardpoarte.

Mei in lingte fan 125 km en in breedte fan 55 km en in oerflak fan 2994 km² is Gotlân it grutste eilân fan Sweden yn de Eastsee. It eilân hat in ferskaat oan natoer mei ûnder oaren nullebosk, leafbosk, strannen, rotsformaasjes en dripstiengrotten. De grotten by Lummelunda, benoarden Visby, mei it publyk yn de simmer yn. Yn de leafbosken kinne by it hjerst swarte truffels fûn wurde. It klimaat op Gotlân is myld; it eilân hat ek mear sinne-oeren as it fêstelân fan Sweden. Gotlân is frijwat flak. Heechste punt is Follingbohöjden (78 meter boppe seenivo). Bästeträsk, Fardumeträsk en Tingstädeträsk binne de marren, wylst Bogeviken, dat earder in baai wie, yn in mar feroare is troch stiging fan it lân nei it teien fan de iiskape út de lêste iistiid.[2]

Gotlân hat yn de midsiuwen troch syn strategyske lizzing yn de Eastsee in belangrike rol spile yn hannel en polityk fan de lannen rûnom. Al yn de tiid fan de Wytsingen wie it in wichtich hannelsintrum. Archeologyske fynsten fan in soad Arabyske en Byzantynske munten tsjûgje fan dy tiid.
Gotlân kaam yn glâns en blâns yn de tiid fan de Dútske Hânze om 1200 hinne. It ynnimmen fan Gotlân troch de Deenske kening Waldemar Atterdag yn 1361 wie in ramp foar it eilân. It barren wurdt elts jier yn augustus betocht yn de saneamde Medeltidsveckan. Nei 1361 rekke Gotlân yn de nederklits. Yn 1394 waard it eilân troch piraten, eufemistysk de Fiktaaljebruorren neamd, ferôvere. De Dútske Oarder lâne yn 1398 mei in ekspedysjeleger en ferdreaun de piraten.
Yn 1409 waard Gotlân yn in fredesferdrach mei de Kalmaruny fan Skandinaavje ferkocht oan keninginne Margareta I fan Denemark. It waard om beurten part fan Sweden en fan Denemark oant it yn 1645 by de frede fan Brömsebro foar altyd by Sweden kaam. Gotlân waard noch twa kear fan frjemde machten beset; fan 1676 oant 1679 opnij troch Denemark. Doe't de Deenske troepen fuortgienen ferneatigen sy de festing Visborg Slott ûnder Visby.
Yn de Finske Oarloch fan 1808 besetten Russyske troepen it eilân, mar dat duorre mar in pear wiken.[3]

Opmerklike Gotlanners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Christopher Polhem (1661–1751), de heit fan de Sweedske meganyske natuerkunde waard berne yn Visby. Hy waard wol de "Argimedes fan it Noarden" neamd.
  • De Sweedske filmregisseur Ingmar Bergman wenne op Fårö, justjes benoarden Gotlân.
  • Lennart Eriksson, ek bekend as Fjodor, in eardere punkmuzikant fan de band Ebba Grön, ferhuze nei Gotlân nei't er by de band weigie yn 1982.
  • Sjongster Susanne Alfvengren, bekend yn Sweden yn de 1980er jierren.
  • Death metal band Grave komt fan Visby.
  • Hurdfytser Thomas Lövkvist komt fan Visby. Syn bynamme is 'Gotland'.
  • Sjonger/komponist/muzykmakker Theresa Andersson, hâldt op 't heden ta yn de F.S.A.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gotland is famous for its 94 medieval churches
  2. boarne: Sweedsk statistysk buro
  3. Historien om Sverige, Herman Lindqvist - Norstedts(1998)
Lânskippen fan Sweden Flagge fan Sweden
Norrland:
GästriklandHälsinglandHärjedalenJämtlandLapplandMedelpadNorrbottenVästerbottenÅngermanland
Svealand:
DalarnaNärkeSödermanlandUpplandVärmlandVästmanland
Götaland:
BlekingeBohuslänDalslandGotlandHallandSkåneSmålandVästergötlandÖlandÖstergötland
· · Berjocht bewurkje