Likedielers
Appearance
(Trochferwiisd fan Likedelers)
Likedielers wienen seerôvers út de Midsiuwen en opfolgers fan de Fiktaaljebruorren. Earst holpen se de Hânze tsjin Denemark. Doe't der yn 1395 frede sluten wie waarden se út de Eastsee ferjage. Se fûnen lykwols in skûlplak by East-Fryske haadlingen as Edo Wiemken yn Jever en by Widzel tom Brok yn Mariënhafe.
Yn de striid tsjin Albrecht fan Saksen wikselen de likedielers mear as ien kear fan partij. Tusken 1402-1408 waarden se oanfallen troch de Hânzeaten ûnder lieding fan Hamburch dy't se foar in diel fersloech. Der leinen ek likedielers as bûnsmaten fan Jan fan Beieren yn Dokkum en Iezumasyl (1422). Letter ferjage de Hânze mei help fan Fokko Ukena harren dêrwei en waarden se ek yn East-Fryslân bestriden (1433).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|