Springe nei ynhâld

Visby

Ut Wikipedy
Visby
It park Almedalen, Visby
It park Almedalen, Visby
Bestjoer
Lân Sweden
Provinsje Gotlands län
Sifers
Ynwennertal 22.593 (2010)
Oerflak 12,08 km²
Befolkingsticht. 1.816 / km²
Oar
Tiidsône CET (UTC+1)
Koördinaten
Wapen fan Visby

Visby is de grutste stêd op it Sweedske Eastsee-eilân Gotlân en de haadstêd fan sawol de provinsje Gotlands län as de gemeente Gotland, dy't beide it hiele eilân beslane. De hânzestêd hie 22.236 ynwenners op 31-12-2005 en is fan it Sweedske wrâlderfgoed ien fan de fjirtjin op 'e Wrâlderfgoedlist fan de UNESCO.

Stedsmuorre fan Visby

Visby waard yn de 10e iuw stifte en wie fan de 12e oant de 14e iuw ien fan de meast wichtige hânzestêden, troch syn strategyske lizzing wie it plak fan belang yn de hannel oer it de Eastsee en de Noardsee. Lange tiid wiene de helte fan de boargers fan Visby Dútske keaplju. Yn 1288/89 eskalearre in skeel mei it ferearmjend ommelân yn in bluodrige boargerkriich, dêr't de Sweedske kening Magnus Ladulås (kening fan 1275–1290) in ein oan makke. Oant dan hie Gotlân syn eigen hearsker. Yn 1361 waard de stêd troch Denemark ferovere, mar yn de 17e iuw wer troch Sweden anneksearre.

Nei de 14e iuw waard it belang fan Visby hurd minder. Dat kaam ûnder mear troch de pest, troch piraterij (fan 1394 - 1398 sieten de fiktaaljebruorren yn de stêd), trochdat Denemarken en Sweden faker as ien kear om de stêd fochten en yn 1525 fanwege de oanfal fan de Dútske stêd Lübeck. By de Frede fan Brömsebro yn 1645 kaam Visby mei Gotlân foar fêst oan Sweden.

Troch de ekonomyske delgong binne de gebouwen út de bloeitiid fan de stêd sparre bleaun (der wie gewoan gjin needsaak om nijbou út reden fan ekonomyske feroaringen te pliigjen). Al yn begjin 19e iuw waard de stêd ta nasjonaal monumint ferklearre. Fan likernôch 220 hânzestêden wie Visby dêrom yn ien fan de bêste útgongsposysjes om yn 1995 ta wrâlderfgoed ferklearre te wurden.

Yn it seerjocht foar transporten oer see is de stêd noch nammejouwer foar in tal ferfiersregels, de Haag-Visby-regels.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Visby
Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Visby