Gosjavank

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Gosjavank

Գոշավանք

It kleaster fanút it súdwesten
It kleaster fanút it súdwesten
lokaasje
lân Flag of Armenia.svg Armeenje
Provinsje Tavûsj
adres yn it doarp Gosj
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 1188-13e iuw

Gosjavank (Armeensk: Գոշավանք) wie foarhinne in kleaster fan de Armeensk-Apostoalyske Tsjerke. It kleaster waard yn de 12e en 13e iuw boud en leit yn it doarp Gosj oan de rjochter kant fan de Getik-rivier yn de noardeastlike provinsje Tavûsj. In pear kilometer fierder leit it midsiuwske kleaster Haghartsin.

It kleasterkompleks is goed bewarre bleaun en in wichtich toeristyske trekpleister.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferfong eartiids in âlder kleaster dat de namme Getik droech en by in ierdskodding yn 1188 ferneatige waard. It hjoeddeiske kleaster wurdt dêrom ek wol Nor Getik (Nij Getik) neamd. Yn de 12e en 13e iuw hearde it kleaster by ien fan de wichtichste religieuze sintra fan it midsiuwske Armeenje. Yn it kleaster wurke de yn dy tiid meast betûfte gelearde en wittenskipper fan it lân, Mchitar Gosj (1130-1213). Nei syn dea krige it kleaster de namme Gosjavank.

It tsjintwurdige kleaster waard tusken 1188 en it ein fan de 13e iuw boud. Mchitar Gosj boude ynearsten in houten tsjerke, dy't wijd waard oan Surp Karapet (Jehannes de Doper-tsjerke). Dêrnei waarden yn 1191 de fûneminten lein foar it grutste gebou fan it kleaster, de Surp Astvatsatsin (Tsjerke fan de Mem Gods), dat yn 1197 ynwijd waard. Tagelyk mei dy katedraal waard ek de oan de westlike kant oanboude narteks (gavit) foltôge. Oan de súdlike kant fan de narteks en westlik fan in rige fan trije kapellen waard fan 1237 oant 1241 noch Surp Grigor Lûsavoritsj Gregoarius de Ferljochterkapel tafoege. Súdlik fan de Mem-Godstsjerke stiet de Surp-Grigor (1208-1231)'. De tsjerke hat hast in identyk ûntwerp as de Surp Astvatsatsin en stiet nei alle gedachten op it plak dêr't earder de Surp Karapet stie.

Noardlik fan de narteks fan de Surp-Asvatsatsin is fia in galerij fan rûne bôgen it skriptoarium of de bibleteek (1241) oan it kompleks ferbûn. It waard eartiids brûkt om manuskripten te meitsjen. Der wurdt fanút gien dat de skoalle fan it kleaster, dy't er neffens histoaryske boarnen wie, westlik fan it skriptoarium stien hat. Der waarden û.o. stúdzjes Armeensk en frjemde talen, grammatika, filosofy en kalligrafy oanbean. Nei de dea fan Mchitar Gosj levere de skoalle noch in grut tal yntellektuelen en wittenskippers.

It kleaster is ferneamd om de tige detaillearre krússtiennen. Alle gebouwen fan it kompleks binne oan inoar of hast oan inoar boud.

Op de oare kant fan de delte stiet op de helling de Surb Geworg (Sint-Joaristsjerke). De tsjerke datearret fan 1254 datearret en soe it plak west ha dêr't Mchitar Gosj syn lêste jierren troch brocht oant syn dea yn 1213. Westlik in bytsje hegerop stiet de tombe fan Mchitar Gosj.

Plattegrûn kleastergebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Floorplan goshavank.jpg
  • 1. Surp Astvatsatsin (Tsjerke fan de Hillige Mem Gods; boud yn 1191-1196)
  • 2. Surp Grigor (Sint-Gregoariustsjerke; boud yn 1208-1241)
  • 3. Surp Grigor Lûsavoritsj (Kapel fan Gregoarius de Ferljochter) (boud yn 1237-1241)
  • 4. Dûbele kapel
  • 5. Kapel
  • 6. Narteks fan de Surp Astvatsatsin (boud yn 1197-1203)
  • 7. Klokketoer en bibleteek (boud yn 1241-1291)
  • 8. Skoalle (13e iuw)
  • 9. Galerij (13e iuw)

(bûten de plattegrûn) Surp Geworg

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: