Haghartsin (kleaster)
Haghartsin Հաղարծին | ||
Lokaasje | ||
lân | Armeenje | |
Provinsje | Tavûsj | |
plak | by Dilidzjan | |
koördinaten | 40°46'N 44°53'E | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | 10e oant 13e iuw | |
Kaart | ||
Haghartsin (Armeensk: Հաղարծին) is in kleasterkompleks by de stêd Dilidzjan yn 'e provinsje Tavûsj yn it noarden fan Armeenje. De skiednis fan it kleaster giet werom op 'e 10e iuw.
Etimology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de tradysje sweefden by de ynwijing fan 'e tsjerke earnen boppe de koepel fan 'e haadtsjerke. Sadwaande waard it bekend as it "kleaster fan 'e boartsjende earnen" (Hagh betsjut yn it Armeensk "spultsje" en artsin is in foarm fan artsiv, dat earn yn it Armeensk betsjut).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster waard yn 'e 10e iuw stifte troch muontsen, dy't út West-Armeenje flechtsje moasten foar ferfolgings. By de ferovering fan Armeenje troch de Seltsjoeken waard it kleaster yn 'e 11e iuw ferneatige. Kening Giorgi III fan Georgje liet yn 'e 12e iuw yn gearwurking mei lokale Armeenske foarsten it kleaster restaurearje. Under abt Khachatur Taronatsi, ek in bekend komponist en wittenskipper, makke it kleaster in tiidrek fan bloei troch. Syn grêf is te finen yn it kleaster en syn hymne Khorund Khorin foarmet noch altiten ûnderdiel fan 'e liturgy fan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke.
Yn 'e jierren 1671 oant 1681 waarden de trije tsjerken fan it kleaster renovearre. Tsjin 'e ein fan 'e 18e iuw brochten de troepen fan Aga Mohammed Khan, de sjah fan Perzje, grutte skea oan it kleaster, doe't se it lân ynfoelen. It duorre oant 1861 ear't it monastike libben wer oppakt waard en oant 1901 doe't de renovaasje foltôge wie.
Njonken de trije tsjerken fan it kleaster binne der om it kleaster hinne noch in grut tal kapellen, dy't hjoeddedei fral as ruïnes bewarre bleaun binne. De refter fan it kleaster is de grutste fan it lân en waard yn 1248 boud. De arsjitekt fan 'e refter hiet Minas. Op it kleasterterrein en fuort der om hinne binne ek noch in tal krússtiennen (saneamde khachkars) te sjen. Guon dêrfan hawwe in hege keunstsinnige wearde. Sa ek de 13e-iuwske krússtien dy't njonken de súdlike doar fan 'e haadtsjerke stiet.
Mei stipe fan sultan bin Muhammad Al-Qasimi fan it emiraat Sharjah waard it kleaster tusken 2008 en 2013 restaurearre.
Kleastertsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Soerp Astvatsatsin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Soerp Astvatsatsin (Armeensk: Սուրբ Աստվածածին, "Hillige Mem Gods") is it grutste gebou fan it kleaster. De tsjerke waard oarspronklik yn 'e 11e iuw boud, mar troch de Seltsjoeken sa slim skeind, sadat yn 'e jierren 1281-1287 in werbou needsaaklik wie. De gevel en de sechtjinsidige toer fan 'e krúskoepeltsjerke binne ryk fersierd. Fan 'e narteks fan 'e tsjerke (gavit) bleau allinne resten oer.
Soerp Grigor
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It âldste grutte gebou fan it kleasterkompleks is de oan Gregoarius de Ferljochter wijde Soerp Grigor. Se datearret fan 'e 10e iuw. De narteks fan 'e Gregoariustsjerke bleau bewarre en hat in skylddak en in fjouwerkant grûnflak.
Soerp Stefanos
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De út 1244 stammende Soerp Stefanos is in krúskoepeltsjerke en in lytse kopy fan 'e haadtsjerke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|