Springe nei ynhâld

Gosj

Ut Wikipedy
Gosj
Գոշ
Bestjoer
Lânflagge fan Armeenje Armeenje
provinsjeKotajk
Sifers
Ynwennertal1.115 (2011)
Hichte1.215 m
Oar
TiidsôneUTC+4
Koördinaten40°43'N 44°59'E
Kaart
Gosj (Armeenje)
Gosj

Gosj (Armeensk: Գոշ) is in doarp yn 'e gemeente Dilidzjan fan 'e Armeenske provinsje Tavûsj.

It doarp is ferneamd nei Mkhitar Gosj (1130-1213), dy't in earder kleaster yn 'e 12e en 13e iuw werboude, dat by in ierdskodding yn 1188 ferneatige waard. It nij boude kleaster waard letter Gosjavank neamd. Dat kleaster stiet wat ôfsidich fan 'e belangrykste dyk troch it doarp.

Op 'e heuvel west fan it kleaster stiet de Sint-Joariskapel, dat as de grêfkapel foar Mkhitar Gosj tsjinne. Tichteby binne ek de resten fan wat it hûs fan Mkhitar west hawwe soe. De stiennen fûneminten en legere muorredielen binne dêrfan noch oerbleaun.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gosj fan Wikimedia Commons.