Gerlof Bontekoe
Gerlof Bontekoe | ||
politikus | ||
echte namme | Gerlof Auke Bontekoe | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berteplak | Hurdegaryp | |
stjerplak | Easterwâlde | |
etnisiteit | Frysk | |
Boargemaster fan Sleen | ||
amtsperioade | 1927-1938 | |
foargonger | Anske Jongbloed | |
opfolger | George Louis Mens Fiers Smeding | |
Boargemaster fan Eaststellingwerf | ||
amtsperioade | 1938-1945, 1947-1965 | |
foargonger | Einte van Douwen, H. Vondeling | |
opfolger | H. Vondeling, Tieme Oosterwijk |
Gerlof Auke Bontekoe (Hurdegaryp, 21 febrewaris 1900 - Easterwâlde, 22 septimber 1988) wie in Nederlânsk boargemaster en heraldikus.[1]
Bontekoe studearre rjoechten yn Leien. Hy wurke dêrnei op de gemeentesekretary yn Wymbritsersdiel en Snits. Yn 1927 waard hy boargemaster fan Sleen en yn 1938 yn Eaststellingwerf. Hy bleau hjir oant syn pinsjoen yn 1965.
Sleen hie noch gjin gemeentewapen, dêrom ûntwurp Bontekoe der ien. Dêrnei ûntwurp hy ek wapens foar 25 oare Drintske gemeentes en de flagge fan Drinte. Yn 1979 waard hy yn it provinsjehûs yn Assen huldige, omdat hy syn 150e oerheidswapen (dat fan de gemeente Buren) ûntwurpen hie.
Bontekoe wie belutsen by de tastânkomming fan in betinkingsstien oas oantinken oan de yn de Twadde Wrâldoarloch omkommen Frânske parasjutisten en krige dêrfoar fan Frankryk in sulveren earemedalje (1958). Hy wie ek Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau (1965). Yn 1966 krige hy de Kulturele priis fan Drinte. Bontekoe en syn frou ferstoaren mar ien oere nei elkoar.[2] Se waarden begroeven yn Langedike.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frysk abbekaat
- Frysk amtner
- Frysk politikus
- Boargemaster fan Eaststellingwerf
- Frysk heraldikus
- Nederlânsk abbekaat
- Nederlânsk amtner
- Nederlânsk politikus
- Nederlânsk boargemaster
- Nederlânsk heraldikus
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Hurdegaryp
- Persoan stoarn yn Easterwâlde
- Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau
- Persoan berne yn 1900
- Persoan stoarn yn 1988