Springe nei ynhâld

Tieme Oosterwijk

Ut Wikipedy
Tieme Hedrik Oosterwijk
politikus
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
bertedatum 10 maaie 1924
berteplak Easterwâlde
stjerdatum 21 desimber 1989
stjerplak Swol
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
partij PvdA
boargemaster fan Eaststellingwerf
amtsperioade 1965 - 1985
foargonger Gerlof Bontekoe
opfolger Hans Lesterhuis

Tieme Hendrik Oosterwijk (Easterwâlde, 10 maaie 1924Swol, 21 desimber 1989) wie in Frysk politikus fan de PvdA.

Tieme Oosterwijk waard berne as soan fan in gemeente-amtner yn Easterwâlde, haadplak fan 'e gemeente Eaststellingwerf. Hy studearre ôf yn 'e Yndology oan 'e Ryksuniversiteit Leien, mar troch de ûnôfhinklikens fan Yndoneezje woene se it dêr net lije dat er dêr hinne gie. Fan 1951 ôf wurke Oosterwijk foar de gemeentesekretaris fan Baarn. Twa jier letter, yn 1953, gie er nei Foarburch, dêr't er ek foar de gemeentesekretaris wurke. Justjes dêrnei promovearre er ta doktor yn 'e rjochten. Mids 1958 folge er syn heit Roelof Oosterwijk op dy't sûnt 1947 gemeentesekretaris fan Eaststellingwerf wie. Yn juny 1965 waard er de boargemaster fan dy gemeente, dêr't W.C. Waling, de lettere boargemaster fan Scheemda him by opfolge as gemeentesekretaris fan Eaststellingwerf. Nei krekt 20 jier gie Oosterwijk dêr betiid mei pinsioen. Ein 1989 ferstoar er yn in sikehûs yn Swol dêr't er nei begroeven waard op it begraafplak fan Langedike, njonken syn foargonger Gerlof Bontekoe.

Yn 2019 waard bekend makke dat der yn Easterwâlde in plein nei him neamd wurde soe, it Burg. Oosterwijkbrink.