George Maduro

Ut Wikipedy
George Maduro
Model fan it hûs dêr't George Maduro berne is. It echte hûs, yn Palladianistyske styl, datearret út 1895. Op de plakette: In hem eert Nederland zijn oorlogshelden uit de strijd 1940-1945.

George John Lionel Maduro (Willemstêd (Kurasau), 15 july 1916 - Dachau (Dútslân), 9 febrewaris 1945) wie in Nederlânsk studint dy't him yn de maaiedagen fan 1940 as offisier fan de Nederlânske kavalery ûnderskiede yn de Slach om de Residinsje. Nei de kapitulaasje gie er by it ferset. De miniatuerstêd Madurodam is nei him ferneamd.[1]

Maduro waard berne op Kurasau en wie it iennichst bern fan de Sefardysk-Joadske Joshua Maduro en Rebecca Levy.[2] Yn 1926 waard er nei De Haach stjoerd, dêr't er nei de 5de en 6de klas fan de legere skoalle gie en dêrnei nei it gymnasium. Yn 1934 sette er út ein mei de stúdzje rjochten yn Leien. By Keninklik Beslút nûmer 30 fan 21 novimber 1939 waard Maduro beneamd ta reserve-twadde luitenant by de Kavalery.

Rol yn de Twadde Wrâldoarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn maaie 1940 wie er yn De Haach legere as als reserveofsier by de Huzaren. Under syn lieding waard de fan de Dútskers besette Filla Leeuwenbergh ûnder Leidschendam ferovere en waarden Dútske parasjutisten kriichsfinzene makke. Nei't it Nederlânsk leger belies jûn hie, waard Maduro as kriichsfinzene fêstset. Hy wie dêrnei in skoftke frij, mar waard wer oppakt en opsletten yn de finzenis fan Skeveningen, it Oranjehotel. Doe't er nei in heal jier frijkaam, hiene de Dútsers wilens de Joaden ferplichte ta it dragen fan de Joadestjer. Maduro wegere de joadenstjer te dragen en dûkte ûnder. Foar ien fan syn ûnderdûkadressen, de Frederik Hendriklaan 111, leit no in stroffelstien (Stolperstein) [3].

Registraasjekaart fan George Maduro as finzene by Dachau Nazi konsintraasjekamp

Doe't Maduro yn septimber 1943 allieërde piloaten oer Spanje nei it Feriene Keninkryk holp te ûntkommen, waard er ferred. It slagge him wer en ûntsnap en fannijs by it ferset te gean. Hy waard lykwols nochris arrestearre troch de Gestapo en bedarre yn in finzenis yn Saarbrücken. Dêrwei waard er oerbrocht nei it konsintraasjekamp Dachau. Krekt foar de befrijing fan it kamp troch Amerikaanske troepen, stoar er yn de âldens fan 28 jier. Hy waard beïerdige op it begraafplak fan it kamp.

Underskieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 9 maaie 1946 waard Maduro postúm de Ridder 4e klasse fan de Militaire Willems-Oarder takend, meidat er him yn de maaiedagen ûnderskieden hat mei it lieden fan in oanfal op in Dútske stelling by Filla Leeuwenbergh (no Bûtenpleats Dorrepaal) yn Leidschendam. Hy is de iennige Nederlanner fan Antiljaansk komôf dy't dy ûnderskieding ûntfongen hat. Yn 2016 waarden de fersierselen fan de oarder oan syn famylje oerlange.[4]

Madurodam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nammeboerd Maduroplein, De Haach

Nei de oarloch hawwe George Maduro syn heit en mem it begjinkapitaal levere foar de miniatuerstêd, Madurodam, dy't yn 1952 yn De Haach iepene waard. De famylje beskôget Madurodam as monumint foar harren soan. Yn 1993 krige Madurodam by de yngong in skaalmodel fan it bertehûs fan Maduro (sjoch foto). Ek fan Filla Leeuwenbergh hat Madurodam in makette.

Oer Maduro waard yn 2002 in dokumintêre (Madurodam, monument met een glimlach) makke troch Alfred Edelstein (1957) en Frits van Veenendaal mei dêryn in ynterview mei keninginne Beatrix dy't oant har ynhuldiging yn 1980 de earste boargemaster fan Madurodam west is.

Op 15 july 2016 waard yn Madurodam syn 100e bertedei betocht. Doe ferskynde teffens de biografy fan George Maduro, skreaun troch Kathleen Brandt-Carey, en waard der in monumint ûntfâlde, makke troch Jikke van Loon.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wie was George Maduro?, madurodam.nl
  2. Corien Glaudemans - George Maduro (1916-1945) en Madurodam
  3. Stolpersteine in Den Haag
  4. Familie Maduro krijgt Willems-Orde overhandigd, 2016-07-14