George Edwin Lord

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
George Edwin Lord
Big battle symbol.svg militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút George Edwin Lord
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 17 febrewaris 1846
berteplak Brunswick (Maine)
stoarn 25 juny 1876
stjerplak oan 'e Little Bighorn (Montana)
etnisiteit Flag of England.svg Ingelsk
wurkpaad
tsjinsttiid 18751876
yn tsjinst fan Flag of the United States.svg Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Flag of the United States Army.svg Amerikaanske Leger
heechste rang earste luitenant (sûnt 1875)
konflikt(en) Ekspedysje nei de Black Hills
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
treffen(s) Slach oan de Little Bighorn

George Edwin Lord (Brunswick (Maine), 17 febrewaris 1846 – oan 'e rivier de Little Bighorn (Montana), 25 juny 1876) wie in Amerikaansk militêr en dokter dy't yn it Amerikaanske Leger tsjinne. Hy makke ûnderdiel út fan it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint, en sneuvele yn 1876 yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lord waard yn 1846 berne yn Brunswick, yn 'e Amerikaanske steat Maine. Hy groeide op yn West Auburn, as de oannommen soan fan 'e predikant Thomas N. Lord. Hy studearre oan it Bowdoin Kolleezje yn syn berteplak en learde dêrnei foar dokter oan 'e medyske skoalle yn Chicago, dêr't er yn maart 1871 ôfstudearre. Yn april fan datselde jier naam Lord yn Fort Ripley, yn Minnesota, as plakferfangend assistint-sjirurgyn tsjinst yn it Amerikaanske Leger. Fan maaie 1872 ôf wied er legere yn Fort Randall, yn 'e Dakota's. Op 20 maaie 1874 waard er tafoege oan it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint, dat ûnder befel fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer legere wie yn Fort Abraham Lincoln. Mei de 7e Kavalery naam er datselde jiers diel oan 'e kontroversjele Ekspedysje nei de Black Hills.

Neitiid waard Lord op 26 juny 1875 yn Fort Snelling, yn Minnesota, oansteld as assistinst-sjirurgyn mei de rang fan earste luitenant. Hy tsjinne yn Fort Buford, yn Noard-Dakota, oant mids maaie 1876, doe't er op 'e nij tafoege waard oan it 7e Kavaleryregimint, dat er ûnder de Grutte Sû-Oarloch op de simmerkampanje fan 1876 beselskippe. Op 25 juny, de deis fan 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, fielde Lord him net goed, en Custer rette him oan om by de bagaazjetrein fan it regimint te bliuwen. Lord wegere dat lykwols en joech him by Custer syn fiif kompanjyen, dy't in oanfal op in grut Yndiaansk doarp oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn yn súdlik Montana diene, mar weromdreaun en ferslein waarden yn 'e striid tsjin 'e Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho. Nei in weromtocht dy't útrûn op in gaoatyske flecht rekken de oerlibbenen fan 'e fiif kompanjyen, wêrûnder Lord, op 'e heuveltop fan Custer Hill besingele, dêr't se oan 'e lêste man ta útrûge waarden.

Doe't koart nei de slach de lichems fan 'e sneuvele Amerikanen provisoarysk begroeven waarden, koe it stoflik omskot fan Lord net mei wissichheid identifisearre wurde. Dêrom waard er troch brigadegeneraal Alfred Terry yn 't earstoan opjûn as fermist. Twa subalterne ofsieren, lykwols, in kaptein Otto E. Michaelis en in luitenant Richard E. Thompson, namen neitiid kontakt op mei de famylje fan Lord om tynge te dwaan fan harren persoanlike oertsjûging dat se it lichem fan Lord op Custer Hill sjoen hiene, wêrby't se net inkeld syn snor en fine hannen neamden, mar ek in nei't it skynt opfallend blau oerhimd dat er droegen hie. Op grûn fan dy ynformaasje waard Lord in fearnsjier nei de slach dochs noch dea ferklearre.

Op it begraafplak fan it Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn, dêr't de measte sneuvelen fan 'e 7e Kavalery yn 1877 seremonieel werbegroeven waarden, is lykwols gjin aparte grêfstien foar Lord oprjochte. Yn 1890 waard foar him in wite tinkstien op Custer Hill pleatst op it plak dêr't er mooglik sneuvele is, op grûn fan 'e ûntdekking dêre fan in pear knopen dy't wierskynlik fan 'e ofsiersjas fan in legerdokter kamen. Lord syn dokterstas mei syn ynstruminten, dy't troch de Yndianen bútmakke wie, waard úteinlik oan it leger weromjûn, en pronket no yn it medysk museum fan it Amerikaanske Leger.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.