Gandzasar

Ut Wikipedy
Gandzasar

Գանձասար

bouwurk
lokaasje
lân Azerbeidzjan
Provinsje Kalbajar (de jure)
Martakert (de facto)
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 9e oant 12e iuw
offisjele webside
Side fan it kleaster

Gandzasar (Armeensk: Գանձասար, Azerbeidzjaansk: Gəncəsər) is in kleaster fan de Armeensk-Apostoalyske Tsjerke yn de eardere Republyk Artsach. It stiet op in hichte súdwestlik fan it plak Vank yn de provinsje Martakert yn de fan Azerbeidzjan ôfskieden Republyk Artsach (ek: Republyk Nagorno-Karabach), himelsbreed likernôch 30 kilometer noarwestlik fan de haadstêd Stepanakert. Yn it kleaster wurde reliken bewarre, dy't taskreaun wurde oan Jehannes de Doper en syn heit Sacharías. It kleaster is de sit fan de troch Edzjmiatsin beneamde aartsbiskop fan Artsach fan de Armeensk-Apostoalyske Tsjerke.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bas-reliëfs oan de tamboer fan de koepel

It kleaster waard yn 1216 stifte en betsjut yn it Armeensk de berch fan skatten. Foar de ferdigening fan it kleaster waard in hege muorre om it kompleks oanlein. Binnen de muorren fan it kleaster stiet de oan Jehannes de Doper wijde en tusken 1216 en 1238 boude tsjerke. De tsjerke waard fan reade dowestien boud, dy't yn de rin fan de tiid readbrún ferkleure.

De tamboer fan de koepel is dekorearre mei basreliëfs fan de krusiging fan Jezus, Adam en Eva en twa geastliken, dy't boppe harren holle in model fan de tsjerke festhâlde. De reliëfs wurde ferlikene mei dy fan de tsjerke fan Akdamar yn it hjoeddeiske Turkije. It kleaster wurdt ta de moaiste foarbylden fan Armeenske arsjitektuer rekkene.

De fal fan de Sovjet-Uny joech de gelegenheid oan it yn mearderheid troch Armeenjers bewenne Nagorno-Karabach om harren ôf te skieden fan it foar it meastepart islamityske Azerbeidzjan. By it konflikt, dat doe yn 1991 ûnstie, hie ek it kleaster slim te lijen en ien fan de gebouwen waard sels folslein ferneatige.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Gandsassar