Springe nei ynhâld

Blinkstrastate

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Galamastate (Akkrum))
Blincxtra State in Akkrum (1718)

Blinkstrastate, ek Blinxstrastate en letter ek Galamastate of Hoygis Hûs (nei jonkhear Huygis de Hopmans) wie in eardere state yn Akkrum yn it kertier u, gritenij Utingeradiel. By de oanlis fan it spoar Ljouwert-Swol binne hûs en pletsen opoffere. Oer it terrein fande eardere state rint no it treinspoar. Yn Akkrum is de Galamastrjitte nei de state neamd.

De state wie, sjoen de lizzing by in grut areaal oan kleasterbesit, frij seker fan hege âlderdom. It goed soe yn de 12de/13de iuw ûntstien wêze kinne.

Yn 1447 komt Renic Blincxtera as tsjerkefâd yn Akkrum foar, tegearre mei Tyart Aulinga (Andringa). Nei ûngefear 1470 hjitte it goed nei de eigeners ek Galama.
Yn de Donia-oarloch waard troch Haringh fan Donia, Skieringer haadling en wenjend op it Doniahûs yn Nijlân en grytman fan Wymbritseradiel (sûnt 1455), de Galamastate yn 1461 beset. Dizze aksje docht hy tegearre mei syn Agge fan Donia. Oan de ein fan de 15de iuw soe neffens de 'Genealogia Ayttana' Haye Blyncxtera, de soan fan Rints Aytta, syn namme oan dit goed ûntliend hawwe. It goed wie doe taëigene troch de Douwema's.

Yn 1492 en 1501 stiet Douwe Galama fan Warns (fan de Galamastins yn Warns) as eigener/bewenner fan Blinkstra neamd. Hy wie troud mei Jouck, in dochter fan Sicke Inhemra alias Douwema yn Raerd. Douwe Galama rekke belutsen yn de earste reboelje tsjin it Saksyske regear. Hy waard dêrom band, mar mocht op frijgeliede, foar in bepaalde tijd, tastien yn it lân komme, om oer fersoening te praten. Mar hjir kaam neat fan op’e hispel. Hy wie lykwols sa ûnfoarsichtich wie om langer as de tastiene tiid yn Fryslân te wêzen. Dêrom liet de Saksyske steedhâlder, dy ’t him no fan syn tasizzing frij fielde, him yn Snits fan it bêd reagje, en nei it Sjaerdamahûs yn Frjentsjer brocht. Al gau kaam de adel út de omkriten gear, om foar him ferjiffenis te freegjen dus om it him te ferjaan; mar de steedhâlder, wittende dat dit de nei oan oankomst barre moast, liet him yn den nacht foar 8 oktober 1500, temûk ûnthalzje, dat hy, troch de wegering fan itjinge hy net tastean woe, ‘geen haat mogt verwekken’.

Oant 1622 wie de state eigendom fan Lenart Frans Huijghis en nei him fan syn soan jonker Hessel Huijghis, dy’t winterdeis yn it Huyghishûs of Huygenshûs oan de Iewâl yn Ljouwert wenne. Hessel lit de stins ôfbrekke en liet der twa pleatsen sette dy’t ûnder de nûmers 6, 7, 8 yn it stimkohier opnomd wurde.
Yn 1640 stie Benedix Wybrens registrearre as brûker. Hessel ferstoar yn 1653 en liet de state nei oan syn dochter Frouck. Yn 1698 waard it stimrjocht dat op de state rêste útoefene troch grytman Tjaerd fan Aylva út Hichtum, widner fan Frouck Hesselsdr. fan Huijghis, út namme fan syn soan. Dy syn sil hast seker Cornelis Tiaerts fan Aylva west ha dy’t syn heit opfolge as eigener fan Wibrandastate yn Hichtum.
De 60 pûnsmiet (goed 23 hektare) grutte pleats waard yn 1698 bebuorke troch Marten Fookes. Efter Blinkstra State stie lykwols noch in pleats, ek fan 60 pûnsmiet. Dy is nei alle gedachten op seker momint ôfsplitst fan de state, mar wol altyd eigendom fan de eigeners fan Blinkstra State. De soan fan Marten Fookes, Fooke Martens, wie yn 1700 brûker fan beide pleatsen en wurdt in 1728 noch stees as brûker fan beide pleatsen neamd. Yn dat jier neamt it stimkohier as eigener inkeld "Juffr. Aylva", sa goed as seker in dochter fan Cornelis . Yn 1832 wie it goed eigendom fan Jacobus Gerrits Hofstra 'en mede eig.' Jacobus is neamd as 'landbouwer te Akkrum', hy sil de pleats dus fermoedlik bewenne ha.

bewenner frou
1447 Renic Blinkstera Hy wie tsjerkfâd yn Akkrum
±1480 Haye Aytta/ Blynkstera Hy wie soan fan Rints Aytta
± 1485 Sicke Inhemra alias Douwema
1492 - 1501 Douwe Galama Jouck Sickesdr. fan Inhiemra Hy stoar yn 1501
± 1500 – ± 1535 Sicke fan Galama Jelts fan Heemstra
± 1535 - 1568 Taecke fan Galama Auck fan Tjessens Hy ferstoar yn 1568
± 1575 - 1622 Lenert Frans Hoygis Wyts Taeckesdr. fan Galama
1622 Hessel lit de stins ôfbrekke.
1622 - 1653 Hessel Hoygis Frouck fan Wikel Hy stoar 1653; wennen op Wybrandastate yn Hichtum
1653 Tiaert Ulbes fan Aylva Frouck Hesselsdr. fan Hoygis Hja stoar 1668, hy ferstoar yn 1705. Wennen yn Hichtum, Wybranda State
1705 – 1745? Cornelis Tiaerts van Aylva (?)
1728 "Juffr. Aylva"
1868 beide pleatsen ôfbrutsen. Stasjonwei wurdt Galamaleane

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: