Fêreu-eilannen
| |||||
Offisjele taal | Fêreusk en Deensk | ||||
Haadstêd | Tórshavn (Deensk: Thorshavn) | ||||
Steatsfoarm | autonoom lân binnen it Deenske Keninkryk | ||||
Gebiet % wetter |
1.399 km² 0,5% | ||||
Ynwenners (2013) | 49.709 | ||||
Munt | Fêreuske kroan (DKK) | ||||
Tiidsône | UTC +0 | ||||
Lânkoade | FO | ||||
Ynternet | .fo | ||||
Tillefoan | +298 |
De Fêreu-eilannen (Fêreusk: Føroyar [ˈfœɹjaɹ]?; Deensk: Færøer [ˈfɛːʀøʔəʀ]?) binne in eilannegroep yn 'e noardlike Atlantyske Oseaan, tusken Skotlân, Noarwegen en Yslân yn. De eilannen foarmje in autonoom lân ûnder de Deenske Kroan, wat sizze wol dat se folslein selsbestjoerend binne, útsein op 'e mêden fan definsje en bûtenlânske saken, dy't noch altiten ûnder it foech fan it regear fan it memmelân Denemark falle. (It is in identike relaasje as dy't Nederlân hat mei Arûba, Kurasao en Sint-Marten.) Der wenje krapoan 50.000 minsken (2013) op 'e Fêreu-eilannen, en de haadstêd is Tórshavn (Deensk: Thorshavn). It Fêreusk, de nasjonale taal, is nauwer besibbe oan it Yslânsk en de Westnoarske dialekten as oan it Deensk.
De Fêreu-eilannen waarden fan de njoggende iuw ôf fal út Noarwegen wei kolonisearre. Yn de alfde iuw kamen de eilannen oan 'e Noarske kening. Doe't Noarwegen letter sels yn Deenske hannen foel, kamen de Fêreu-eilannen ek ûnder Deensk bestjoer. Dat is sa bleaun, ek nei't Noarwegen yn 1815 by Sweden kaam te hearren en yn 1905 selsstannich waard. Yn 1948 krigen de Fêreu-eilannen selsbestjoer. Hja hawwe der foar keazen om bûten de Jeropeeske Uny te bliuwen.
Der binne seekaarten út de sechstjinde en santjinde iuw mei de Fêreu-eilannen as ien grut eilân mei de namme Frislân, men hat noch gjin ferbân lizze kind mei de namme "Fryslân".
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De heechste berch fan de eilannegroep is Slættaratindur mei 882 meter. Der binne 18 eilannen dêr't 17 fan bewenne binne. It grutste eilân, Streymoy, is mei in brêge ferbûn mei it op ien nei grutste eilân, Eysturoy.
De 17 bewenne eilannen binne:
It achttjinde, ûnbewenne eilân is Lítla Dímun.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wenje likernôch 48.000 minsken op 'e ûnderskate eilannen. De measte minsken, sa'n 92%, komme fan 'e Fêreu-eilannen sels. Oare groepen binne Denen, Yslanners en Grienlanners. Noaren en Poalen binne der ek op 'e eilannen. Sa'n 44.000 minsken op de eilannen prate it Fêreusk, en de op ien nei grutste taal is it Deensk.
Fêreu-eilannen |
---|
Borðoy • Eysturoy • Fugloy • Hestur • Kalsoy • Koltur • Kunoy • Lítla Dímun • Mykines •
Nólsoy • Sandoy • Skúvoy • Stóra Dímun • Streymoy • Suðuroy • Svínoy • Vágar • Viðoy |
· · |
Noardske Ried | |
---|---|
Lannen: Denemark • Finlân • Yslân • Noarwegen • Sweden | |
Autonome gebieten: Ålâneilannen • Fêreu-eilannen • Grienlân | |
· · |