Fusarium
Fusarium | ||
Makrokonidia fan Fusarium graminearum | ||
Taksonomy | ||
domein: | eukaryoaten (Eukaryota) | |
ryk: | skimmels (Fungi) | |
stamme: | Ascomycota | |
klasse: | Sordariomycetes | |
ûnderklasse: | Hypocreomycetidae | |
skift: | Hypocreales | |
famylje: | Nectriaceae | |
skaai: | Fusarium | |
Link, 1809 |
Fusarium is in skaai fan parasitearjende skimmels dy’t yn de boaiem foarkomme en dy’t planten en bisten oantaaste kinne. Dêrnjonken produsearje se ek mycotoksinen (trichotesenen) en fumonisinen dy’t iten besmette kinne.
By planten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By planten feroarsaakje de skimmels fusariumrot: Se taaste de woartels oan, dy’t dêrtroch swart wurde en ôfstjerre. Dêrnei ferwylget de plant en stjert ôf. Ek fersoarsaakje se ôfripingssykten by nôt.
Der is gjin middel tsjin fusariumrot. Alle oantaaste planten moatte sa gau mooglik ferneatige wurde om besmetting fan noch net oantaase planten foar te kommen. De grûn moat dêrnei sterilisearre wurde mei in grûnsterilisator.
Dizze skimmels kinne in soad túnplanten oantaaste, mar binne benammen in probleem yn broeikassen, tropyske tunen en foar kwekerijen. Ek is dizze sykte te finen yn lânbougewaaksen lykas ierdappels en nôt.
Der binne planten dy’t resistint binne foar fusariumfot. In foarbyld is Passiflora edulis f. flavicarpa dy’t as ûnderstam brûkt wurdt foar de net-resistinte Passiflora edulis f. edulis mei fruchten, dy’t as smaakfoller beskôge wurde.
By bisten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By bisten en minsken kin de skimmel foarkomme as opportunistysk patogeen yn kornea-ynfeksjes en tienneil-ynfeksjes.