Frije Grifformearde Rehobothtsjerke (Twizel)

Ut Wikipedy
Rehobothtsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Achtkarspelen
plak Twizel
adres Optwizel 35
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1934
arsjitekt Albert Wiersema
boustyl Amsterdamske Skoalle
offisjele webside
Side Rehobothtsjerke

De Rehobothtsjerke is de tsjerke fan de Frije Grifformearde gemeente yn Twizel. De gemeente is in selsstannige gemeente en fierder net oansletten by in grutter ferbân. De Rehobothtsjerke is mei 450 sitplakken de grutste tsjerke fan Twizel en tagelyk de lytste fan de trije grifformearde gemeenten dy't Twizel ryk is. Njonken de Rehobothtsjerke is der noch in frijmakke en in synodale (tsjintwurdich protestanske) tsjerke.

Sawol it eksterieur as it kleurrike ynterieur fertoant grutte oerienkomsten mei de grifformearde BOAZ-tsjerke oan de Kosterijwei yn it Grinslânske Westeremden, dy't ek troch de Bedumer arsjitekt Albert Wiersema ûntwurpen is.[1]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foargevel

De ekspressionistyske tsjerke waard yn 1934 as grifformearde tsjerke boud. De âldere grifformearde tsjerke baarnde op 7 febrewaris 1934 folslein ôf.[2] Foar de nijbou waard de earste stien op yn oktober 1934 lein troch dûmny H.J. ten Brink.

Yn 1945 gyng de tsjerke oer op de frijmakke gemeente nei't de dûmny en in mearderheid fan de tsjerkeried mei de frijmakking mei gie. In nije skuorring troch in skeel oer de wize fan preekjen fûn plak yn 1967. Doe ûntstie de Frije Grifformearde gemeente.[3]

De tsjerke biedt plak oan likernôch 450 minsken, mar de lytse gemeente makket foar de tsjerketsjinsten gebrûk fan it achterste diel fan it gebou.[4]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel komt oarspronklik út de grifformearde tsjerke fan Rinsumageast en waard yn 1913 troch Mart Vermeulen út Woerden boud. Nei it foltôgjen fan de nije tsjerke ferhûze de firma Valckx & Van Kouteren it ynstrumint yn 1937 nei de Rehobothtsjerke.[5]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: