Fokke Sybrens fan Ropta

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Fokke fan Ropta († 4 july 1512) wie de soan fan Sybren fan Ropta en Kinsck Sapes fan Sythjema, eigner fan Roptastate. Hy wie troud mei Graets fan Eysinga (†24 juny 1512, grêf yn 'e tsjerke fan Mitselwier). Hja wie in dochter fan Tsjalling fan Bolta en Hack Gerkesdr. fan Eysinga.

Om 1500 hinne wurdt Sybren neamd as eigner fan Roptastate. Yn 1505 komt er foar op de list fan Fryske eallju. Yn 1511 wurdt er neamd as eigner fan Roptastate mei in protte lân yn dy kriten. Sa wie er eigner de stins De Burg (ek wol Pelfenne neamd) op de Reidswâl oan de dyk fan Mitselwier nei Ie. Teffens hie er pleatsen en lân ûnder de Eanjum, Ljussens en Moarre en in hûs yn Dokkum. Hy wie de rykste persoan fan de gritenij East-Dongeradiel.


Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: