Springe nei ynhâld

Flat

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fletgebou)
In flatgebou.
De Antilleflat yn Ljouwert (2011) mei in ynstoarte galerij.

In flat (útspr.: [flɛt]), ek skreaun as flet[1] is in wente besteande út ien ferdjipping of in diel fan ien ferdjipping fan in gebou mei mear as ien wenlaach. It kin ek it hiele gebou beskriuwe, dat mei in langere beneaming in flatgebou of appartemintekompleks hjit. De beneaming 'flat' komt fan it Ingelske wurd flat ("plat"), om't alle keamers op itselde nivo lizze. Yn it Ingelsk kin flat lykwols inkeld nei de wenienheid ferwize en net nei it gebou as gehiel. In flat, oftewol in appartemint dat hielendal lykfliers is, moat net betize wurde mei in appartemint dat út mear as ien ferdjipping bestiet (wêrby't bgl. de sliepkeamer boppe de wenkeamer leit). Sa'n wente hjit in mêsonette.

Flatgebouwen binne gjin nij ferskynsel, mar bestiene al yn 'e Aldheid, bygelyks yn Rome, hoewol't se doe oer it algemien mar twa of heechút trije ferdjippings heech wiene. Yn dy (histoaryske) kontekst wurde flatgebouwen faak oantsjut as wenkazernes. Yn 'e moderne tiid groeiden flats út ta gebouwen fan wol seis ferdjippings, mar pas doe't oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw úteinset waard mei it gebrûk fan stielene balken foar de bou fan sokke gebouwen (ynstee fan dat de stiennen muorren alle gewicht drage moasten), koene der hegere flatgebouwen set wurde. De Nirwana-flat oan 'e Benoordenhoutseweg yn De Haach, dy't datearret út 1930, wurdt yn 'e regel beskôge as de earste flat dy't yn Nederlân boud waard. It ûntwerp dêrfoar waard makke troch de arsjitekten Jan Duiker en Jan Wiebenga, mar it gebou waard mar 20 m heech ynstee fan 'e oarspronklik bedoelde 60 m.

In appartemint yn in flatgebou is faak foarsjoen fan in balkon. In soad flatgebouwen hawwe in treppehûs en lift yn it binnenste fan it gebou, en dêrby rinne dan de gongen by de foardoarren fan 'e apparteminten lâns ek troch it binnenste fan it gebou. Galerijflats hawwe in trep en iepen galerij (rinpaad) oan 'e bûtenkant fan it gebou, wêrby't de foardoarren fan 'e apparteminten dus op 'e bûtenloft útkomme. Dat sparret in soad elektrisiteit út, mei't de gongen binnenyn in flatgebou oer it generaal gjin finsters hawwe en dêrom de hiele dei ferljochte wurde moatte mei TL-buizen. It komt ek foar, benammen as de apparteminten in hiele ferdjipping beslane, dat de foardoarren streekrjocht útkomme op it treppehûs of de lift. Dat soarte flatgebouwen wurde portykflats neamd. By gruttere flatgebouwen hat dat as neidiel dat der mear as ien treppehûs en lift nedich is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 501.