Firginia-skiereilân

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
It Firginia-skiereilân (read) yn 'e Amerikaanske steat Firginia.

It Firginia-skiereilân (Ingelsk: Virginia Peninsula) is in skiereilân oan 'e Atlantyske kust fan 'e Amerikaanske steat Firginia. It sit yn it noardwesten fêst oan it fêstelân fan Firginia, en stiket nei it súdeasten ta út yn 'e Chesapeakebaai, in see-earm fan 'e Atlantyske Oseaan. It is eins it súdlikste fan in rige fan trije skiereilannen dy't de deselde rjochting út wize; de oaren binne de Northern Neck en it Middelskiereilân. It Firginia-skiereilân wurdt yn it noarden begrinzge troch de rivier de York en yn it suden troch de rivier de James.

De krite omfiemet twa countys, te witten: James City County en York County, mei dêropta fjouwer ûnôfhinklike stêden, ntl.: Hampton, Newport News, Poquoson en Williamsburg. Yn totaal beslacht it Firginia-skiereilân in oerflak fan rom 1.910 km². De totale befolking bedroech yn 2012 483.000 minsken, wat delkomt op sa'n 253 ynwenners de km², hoewol't dat getal foar it noardlike twatrêde part fan it skiereilân folle leger leit, mei't de grutte stêden Hampton (137.000 ynwenners) en Newport News (182.000 ynwenners) op 'e súdeastlike punt lizze. Newport News is feitliks de op fiif nei grutste stêd fan Firginia, en foarmet mei Hampton, mar ek mei de noch gruttere stêden Virginia Beach en Norfolk, dy't oare kant de rivier de James lizze, de stêdekloft fan it saneamde Hampton Roads-gebiet.

It Firginia-skiereilân.

It Firginia-skiereilân hat in lange koloniale skiednis, mei't it yn dizze krite wie dat de Ingelsen yn 1607 Jamestown stiften, harren âldste oan ien wei troch bewenne koloanje yn Noard-Amearika. Op it skiereilân leit ek Williamsburg, dat lange tiid de haadstêd fan Firginia wie, oant it it regear yn 1780, ûnder de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch, fierder it lân yn fêstige waard, yn Richmond, om't Williamsburg te kwetsber foar oanfallen fan 'e Britske marine achte waard. Hjoed de dei stiet Williamsburg benammen bekend om it iepenloftmuseum Colonial Williamsburg, dat wijd is oan 'e koloniale tiid. It Belis fan Yorktown, de beslissende slach yn 'e Unôfhinklikheidsoarloch, fûn ek plak op it Firginia-skiereilân. Dêrby wisten de Amerikaanske rebellen ûnder lieding fan George Washington, stipe troch in Frânsk ekspedysjeleger ûnder de greve fan Rochambeau, yn 1781 it Britske leger fan generaal Charles Cornwallis ta oerjefte te twingen.

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) fierde it Noardlike Leger yn 1862 in ynfaazje fan it Firginia-skiereilân út dy't bekend waard as de Skiereilânkampanje. Dêrby lânen de Noardlike troepen by Hampton Roads (de mûning fan 'e rivier de James), op 'e súdeastlike punt fan it skiereilân, en wie it de bedoeling dat se it skiereilân opmarsjearje soene en sa fierder nei de Súdlike haadstêd Richmond. Nei de Slach om Yorktown wisten de Noardliken ûnder generaal George B. McClellan troch te stjitten nei 'de poarten fan Richmond', mar fuortby de stêd blieken de sompen fan 'e rivier de Chickahominy in natuerlik fêstingwurk te wêzen dêr't de Súdliken efter stânhâlde koene, sadat de oarloch noch trije jier trochgie. Yn 'e tweintichste iuw waarden op it Firginia-skiereilân tal fan militêre bases oanlein, wêrûnder de Loftmachtbasis Langley en Fort Eustis.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.