Middelskiereilân

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
It Middelskiereilân (read) yn 'e Amerikaanske steat Firginia.

It Middelskiereilân (Ingelsk: Middle Peninsula) is in skiereilân oan 'e Atlantyske kust fan 'e Amerikaanske steat Firginia. It sit yn it noardwesten fêst oan it fêstelân fan Firginia, en stiket nei it súdeasten ta út yn 'e Chesapeakebaai, in see-earm fan 'e Atlantyske Oseaan. It is eins it middelste fan in rige fan trije skiereilannen dy't de deselde rjochting út wize; benoarden it Middelskiereilân leit de Northern Neck en súdlik derfan leit it Firginia-skiereilân. It Middelskiereilân wurdt yn it noarden begrinzge troch de rivier de Rappahannock en yn it suden troch de rivier de York. De krite omfiemet seis countys, te witten: Essex, Gloucester, King and Queen, King William, Mathews en Middlesex, mei in mienskiplik oerflak fan 3.320 km². De befolkingsgrutte fan it skiereilân bedroech yn 2007 krapoan 84.000 minsken, sadat de befolkingstichtens op 25,2 minsken de km² útkaam.

Oarspronklik waard it Middelskiereilân ûntgûn foar de tabakstylt, mar tsjintwurdich wurdt der yn it binnenlân benammen griente ferboud, wylst men oan 'e kust oan fiskerij docht. It is in lanlik gebiet sûnder folle yndustry, hoewol't yn it stedsje West Point in papierfabryk stiet. Foar de pleatslike ekonomy, benammen oan 'e kust en by de mûning fan 'e rivieren lâns, yn plakken as Tappahannock en Urbanna, is ek it toerisme fan belang, mei't der in protte oan wettersport dien wurdt. De beide súdlikste countys op it Middelskiereilân, Gloucester en Mathews, wurde tsjintwurdich sjoen as ûnderdiel fan 'e stêdekloft fan it saneamde Hampton Roads-gebiet (Virginia Beach-Norfolk-Newport News), dy't oant boppe de rivier de York ta rikt. Op 'e noarderein fan it skiereilân lizze it federale Pamunky Yndianereservaat fan 'e Pamunky Yndianestamme en it steatsreservaat fan 'e Mattapony Yndiaanske Naasje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.