Fikûnja's

Ut Wikipedy
Fikûnja's
In fikûnja (Vicugna vicugna).
In fikûnja (Vicugna vicugna).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: evenhoevigen (Artiodactyla)
ûnderskift: ylpoatigen (Tylopoda)
boppefamylje: kamieldieren (Cameloidea)
famylje kamieleftigen (Camelidae)
ûnderfamylje: echte kamieleftigen
   (Camelinae)
tûke: lama-eftigen (Lamini)
skaai: fikûnja's (Vicugna)
Lesson, 1842

De fikûnja's (wittenskiplike namme: Vicugna) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e ylpoatigen (Tylopoda), de boppefamylje fan 'e kamieldieren (Cameloidea), de famylje fan 'e kamieleftigen (Camelidae), de ûnderfamylje fan 'e echte kamieleftigen (Camelinae) en de tûke fan 'e lama-eftigen (Lamini).

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ta de fikûnja's hearre twa soarten kamieleftigen út Súd-Amearika, te witten de inkeld yn it wyld foarkommende fikûnja (Vicugna vicugna) en de domestisearre alpaka (Vicugna pacos). De fikûnja's binne nau besibbe oan 'e lama's (Lama), it oare libbene skaai fan 'e lama-eftigen, dat de wylde gûanako (Lama guanicoe) en de allinnich as húsdier foarkommende lama (Lama glama) omfiemet. Foarhinne waard tocht dat de alpaka krekt as de lama fan 'e gûanako ôfstamme, en sadwaande waard de alpaka lange tiid yn it skaai fan 'e lama's pleatst. Yn 2001 wiisde DNA-ûndersyk lykwols út dat de alpaka eins ôfstammet fan 'e fikûnja.

Fikûnja's hawwe lange poaten, in lange hals (lichemsdiel) en in yn ferhâlding lytseftige kop. Hoewol't iere waarnimmers harren ornaris seagen as in soarte fan langhalzich skiep, waard harren sibskip mei de kamielen al rillegau dúdlik, sadat Linnaeus harren yn 1758 by it skaai fan 'e kamielen (Camelus) yndielde. Georges Cuvier ferpleatste de lama's en fikûnja's yn 1800 nei in eigen skaai, dat fan 'e lama's (Lama), binnen de famylje fan 'e kamieleftigen. Yn 1842 makke René Lesson de fikûnja fan 'e lama's los en skoep it selsstannige skaai fan 'e fikûnja's (Vicugna).

Skaai-opbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • skaai fikûnja's (Vicugna)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.