Ferwegend Klaad
Ferwegend Klaad | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Tȟašína Máni | |
oare namme | Moving Robe, Mary Crawler | |
nasjonaliteit | Sû (Sioux) | |
berne | ±1854 | |
berteplak | op 'e noardlike Grutte Flakten (Feriene Steaten) | |
stoarn | ûnbekend | |
stjerplak | yn 'e Dakota's of Montana | |
etnisiteit | Lakota-Sû | |
wurkpaad | ||
reden bekendheid |
focht mei yn 'e Slach oan de Little Bighorn |
Ferwegend Klaad (Lakota: Tȟašína Máni, útspr.: [tˣa'ʃi:na 'ma:ni], likernôch: "tchasjiina maany"; Ingelske oersetting: Moving Robe of Moving Robe Woman; op 'e noardlike Grutte Flakten (Feriene Steaten), ±1856 – yn 'e Dakota's of Montana, 1???) wie in Yndiaanske frou dy't yn 1876 meifocht yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferwegend Klaad waard omtrint 1854 berne yn it noardlike diel fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, mooglik yn 'e Dakota's, Nebraska, Wyoming of Montana. Hja hearde ta de Hûnkpapa-substamme fan 'e Lakota en wie de dochter fan 'e haadman Krûper (Crawler). Sadwaande naam se letter de Ingelske namme Mary Crawler oan.
Om 'e dea fan har broer, Ien Hauk, te wreekjen, dy't earder yn 'e striid omkommen wie, focht Ferwegend Klaad ûnder de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 op 25 en 26 juny 1876 side oan side mei har heit mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn it suden fan Montana, wêrby't fiif kompanjyen fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer besingele en oan 'e lêste man ta útrûge waarden troch in koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho.
Neitiid fertelde in Oglala-Lakota-kriger dy't fan Flugge Earn hiet, dat hy Custer syn earms fêstholden hie, wylst Ferwegend Klaad de ofsier yn 'e rêch stiek en him dêrmei deade. Fan ferskate oare krigers, wêrûnder Wite Bolle en Rein-yn-'t-Gesicht, waard lykwols ek sein dat se Custer deadien hiene. Boppedat waarden yn Custer syn stoflik omskot doe't dat nei de fjildslach troch de Amerikanen ûndersocht waard, gjin stek-, mar skotwûnen oantroffen. It is dêrom net dúdlik wat der fan it ferhaal fan Flugge Earn oan is. Mooglik dat hy en Ferwegend Klaad in oare Amerikaanske ofsier deade hiene, dy't se foar Custer oanseagen.
It is ûnbekend wat der nei de slach fan Ferwegend Klaad waard. Wierskynlik joech hja har úteinlik mei de oare Lakota oer oan 'e Amerikanen en sette hja har nei wenjen yn ien fan 'e Lakota-reservaten yn 'e Dakota's of Montana.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |