Springe nei ynhâld

Ferset yn de Twadde Wrâldkriich

Ut Wikipedy
Trije Italjaanske fersetslju ophongen troch de nazys (Rimini, augustus 1944).

It ferset yn 'e Twadde Wrâldkriich is in oerkoepeljende oantsjutting foar alle organisearre wjerstânsbewegings dy't har yn 'e rin fan 'e Twadde Wrâldkriich ûntjoegen yn 'e gebieten dy't ferovere wiene en beset holden waarden, benammen troch nazy-Dútslân, mar ek troch Itaalje en Japan. Yn in protte lannen stiene sokke organisaasjes mei-inoar bekend as it ferset, de yllegaliteit of de ûndergrûnse. Benammen yn East-Jeropa, dêr't oanhingers fan 'e ûnderskate nasjonale kommunistyske partijen gauris yn in iepentlike guerrilja-oarloch tsjin 'e nazys behelle wiene, spriek men ek wol fan partisanen.

Aksjes fan fersetsbewegings rûnen útinoar fan it ferbergjen fan ûnderdûkers, it ferfalskjen fan offisjele dokuminten en it útjaan fan yllegale kranten om 'e nazy-propaganda te bestriden, fia it trochspyljen fan geheime ynformaasje oan 'e Alliëarden, it befrijen fan wichtige finzenen en it útfieren fan sabotaazjedieden, oant it likwidearjen fan kollaborateurs en heechpleatste Dútske funksjonarissen en sels iepentlike wapene opstannen.

De Opstân fan Warsjau, yn augustus 1944.

Foar it befrijen fan finzenen kin men tinke oan 'e Oerfal op it Hûs fan Bewar yn Ljouwert, dy't yn 1944 troch it Fryske ferset útfierd waard. Ien fan 'e bekendste sabotaazje-aksjes fan wie de swierwettersabotaazje fan it Noarske ferset yn 1943 en 1944. Dêrmei waard it Dútske atoomprogramma in stôk yn 'e speaken stutsen.

Foar likwidaasjes kin men tinke oan 'e mislearre oanslach troch it Nederlânske ferset, yn 1945 op 'e Feluwe, op SS-generaal Hanns Albin Rauter (dy't resultearre yn 'e stânrjochtlike eksekúsje fan 263 Nederlânske gizelders), en de slagge oanslach op Reinhard Heydrich, de twadde man fan 'e SS, troch it Tsjechyske ferset yn 1942, dy't late ta it Bloedbad fan Lidice, in doarp yn 'e neite fan it plak fan 'e oanslach, dat troch de nazys alhiel útmoarde en mei de grûn lyk makke waard.

Foarbylden fan iepentlike opstannen binne de guerriljastriid dy't fierd waard troch de Joegoslavyske partisanen fan Tito, de Joadske Opstân yn it getto fan Warsjau yn 1943, de Poalske Opstân fan Warsjau en de Slowaakske Opstân yn 1944 en de Praachske Opstân en de Opstân fan de Georgjers op Teksel fan 1945.

Underskate fersetsbewegings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grutste en ien fan 'e meast promininte fersetsbewegings waard foarme troch it Poalske ferset, dat bestie út û.m. it Poalske Thúsleger, de Leśni en de Poalske Undergrûnske Steat. Allinne it Armia Krajowa, it Thúsleger, bestie yn 1943 al út 400.000 leden. De Joegoslavyske partisanen en de Sovjet-partisanen (dy't operearren yn 'e dielen fan 'e Sovjet-Uny dy't troch nazy-Dútslân beset wiene by Operaasje Barbarossa) hiene gelikense oantallen. It Frânske ferset, wêrûnder de Maquis, omfieme 200.000 aktivisten en 300.000 oaren dy't in ûnderstypjende rol hiene. It Italjaanske ferset, dat benammen ûnder lieding stie fan it Komitee foar de Nasjonale Befrijing (CLN), bestie yn augustus 1944 út 100.000 man, en wie tsjin april 1945 oanwoeksen ta 250.000 man.

Soldaten fan 'e Amerikaanske 101e Loftlâningsdifyzje mei Nederlânske fersetslju yn Veghel ûnder Operaasje Market Garden, yn septimber 1944.

Oare fersetsbewegings wiene it Nederlânske ferset, it Noarske ferset, it Deenske ferset, it Belgyske ferset, it Tsjechyske ferset, it Grykske ferset, it Albaneeske ferset, it Lúksemboarchske ferset en it Eastenrykske ferset. Ek bestie der in Joadsk ferset tsjin 'e nazys, dat benammen yn Poalen goed organisearre wie. Fierders wie der noch de polityk ferfolge opposysje yn Dútslân sels (dêr't sechstjin gruttere fersetsgroepen bestiene, dy't mei-inoar teminsten 27 mislearre oanslaggen op it libben fan Adolf Hitler útfierden.

Hoewol't it Feriene Keninkryk nea troch nazy-Dútslân beset waard, makken de Britten yngewikkelde plannen foar in eigen fersetsbeweging foar it gefal dat soks, tsjin alle hoop yn, dochs barre soe. De organisaasje dêrfan waard troch it Britske regear taparte oan 'e Secret Intelligence Service (SIS), dy't letter bekend kaam te stean as MI6. Underwilens stipen de Britten fia harren Special Operations Executive de fersetsbewegings yn 'e dielen fan Jeropa dy't al troch de nazys beset wiene. Nei't de Feriene Steaten ein 1941 aktyf yn 'e oarloch behelle rekken, rjochten dy foar itselde doel it Office of Strategic Services (OSS) op, de foarrinder fan 'e hjoeddeistige CIA.

Yn Aazje wiene de grutste fersetsbewegings tsjin 'e Japanske besetting de Anty-Japanske Frijwilligerslegers yn Sina, it Filipynske ferset en de Beweging fan Frije Tai yn Tailân.

In kloft Sovjet-partisanen op mars efter de Dútske frontliny yn Wyt-Ruslân, yn 1943.

Der wiene ek fersetsbewegings aktyf dy't tsjin 'e Alliëarden fochten. Sa begûnen guon Italjanen nei de Eastafrikaanske Fjildtocht, wêrby't de Britten Etioopje befrijd en de Italjaanske koloanje Italjaansk-East-Afrika ferovere hiene, in guerrilja-oarloch tsjin 'e Britten, dy't duorre fan 1941 oant 1943. De Dútske nazyfersetsbeweging Werwolf, dy't it tsjin 'e Alliëarden opnimme moast yn dy dielen fan nazy-Dútslân dy't befrijd wiene, stelde nea net folle foar om't de measte Dútsers tsjin dy tiid folslein oarlochswurch wiene.

Yn Estlân, Letlân en Litouwen bestiene de saneamde 'Wâldbruorren', dy't de wapens opnamen tsjin 'e Sovjet-besetting fan 'e Baltyske Steaten en dy't harren striid yn guon gefallen oant yn 'e 1960-er jierren fuortsetten. Under de Twadde Wrâldkriich stieken soartgelikense anty-Sovjet-fersetsbewegings de kop op yn Poalen, de Oekraïne, Roemeenje, Bulgarije en Tsjetsjeenje.

Wylst party histoarisy en de regearings fan guon Jeropeeske lannen besocht hawwe om it foar te stellen as wie ûnder harren befolking it ferset tsjin 'e nazys de regel, is it winliken sa dat oeral mar in lyts diel fan 'e ynwenners fan in lân by de yllegaliteit belutsen wie. Foar West-Jeropa leit it persintaazje lju dat yn it ferset siet op 1 oant 3%. Yn East-Jeropa, dêr't de ûnderdrukking fan 'e befolking troch de nazys folle gewelddiediger en ûnmeilydsumer foarmen oannaam, lei dat persintaazje fan gefolgen ornaris in stik heger. Sa wurdt der rûsd dat fan 'e Poalske befolking likernôch 10 oant 15% op 'e iene of oare wize by it ferset belutsen wie. Yn dizze persintaazjes is inkeld aktyf ferset meinommen; passyf ferset, troch it net meiwurkjen mei de besetter, wie fansels folle algemiener.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.