Springe nei ynhâld

Fernande Barrey

Ut Wikipedy
Fernande Barrey
persoan yn de seksyndustry
Fernande Barrey yn 1908.
Fernande Barrey yn 1908.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Fernande Barrey
nasjonaliteit Frânsk
berne 9 jannewaris 1893
berteplak Saint-Valery-sur-Somme
   (Frankryk)
stoarn augustus 1974
stjerplak Parys (Frankryk)
etnisiteit Pikardysk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, prostituee
jierren aktyf 19081917
offisjele webside
n.f.t.

Fernande Barrey (Saint-Valery-sur-Somme, 9 jannewaris 1893Parys, augustus 1974), wie in Frânsk neakenmodel, dat ien fan 'e alderearste pin-upgirls waard. Hja wurke yn 't earstoan ek as prostituee, mar letter ûntjoech hja har ta keunstskilderesse.

Barrey waard yn 1893 berne yn Saint-Valery-sur-Somme, yn 'e Noardfrânske regio Pikardje. Omtrint 1908, doe't se sa'n fyftjin jier wie, rûn se fuort en gie se nei Parys ta, dêr't se harsels yn 't earstoan ûnderhold as prostituee. Dêrnjonken posearre hja ek as neakenmodel foar fotografen. Dy foto's, dy't sawol pikante plaatsjes omfiemje fan in leech útsnien dekolletee as ôfbyldings fan folsleine frontale neakens, makken Barrey ta de earste pin-upgirl fan 'e wrâld, en holpen ûnder de Earste Wrâldoarloch yn 'e rinfuorgen in protte soldaten troch minne tiden hinne.

Portret fan Fernande Barrey, troch Amedeo Modigliani (1917).

Nei ferrin fan tiid begûn Barrey ek te wurkjen as keunstmodel foar in grut tal skilders, wêrûnder Jean Agélou, Amedeo Modigliani en Chaim Soutine. Dy lêste beprate har om ek sels in keunstoplieding te folgjen en keunstskiednis te studearjen oan 'e Skoalle fan de Skiene Keunsten.

Yn maart 1917 kaam Barrey yn it kafee La Rotonde, yn 'e Paryske wyk Montparnasse, yn 'e kunde mei de Japanske keunstner Tsuguharu Foujita, dy't daliks smoarfereale op har rekke en trettjin dagen letter mei har troude. Yn 1918 ferfear it pear tydlik nei Cagnes-sur-Mer om oan 'e Dútske bombardeminten fan Parys te ûntsnappen. Dêr brocht Barrey de tiid skilderjend troch en die se boppedat in protte freonen op. Sa krige se gedoente mei Jeanne Hebuterne, de breid fan 'e skilder Amedeo Modigliano. Doe't dyselde yn 1920 oan tuberkuloaze kaam te ferstjerren, besocht se om 'e nocht en treast de swiere Jeanne, dy't harsels úteinlik tekoart die.

Yn 1925 hiene sawol Barrey as Foujita relaasjes bûten har houlik mei lju fan beide geslachten. Nettsjinsteande harren iepen houlik ferjoech Foujita it Barrey net doe't se in affêre begûn mei syn folle neef Koyanagi, dy't ek skilder wie. Dêrop sleat er himsels trije dagen lang op mei de Belgyske keunstneresse Lucie Badoul, byneamd Youki, wylst Barrey op 't lêst wanhopich de Paryske mortuaria ôfrûn op 'e siik nei har man. Yn 1928 skieden Barrey en Foujita, wêrnei't Barrey har mei Koyanagi yn 'e Paryske keunstnerswyk Montmartre nei wenjen sette. Doe't ek dy relaasje yn 1935 útrekke, bettere de ferhâlding mei Foujita wer wat op.

Barrey stoar yn Parys yn augustus 1974, yn 'e âlderdom fan 81 jier. Hja waard oan har dea ta finansjeel stipe troch Foujita.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bourdan, Christian, en Bourgeron, Jean-Pierre, Jean Agélou: De l'Académisme à la Photographie de Charme, Parys, 2007 (Éditions Marval), ISBN 2 86 23 43 943.
  • Volpe, Louis la, Miss Fernande: First Lady of Erotica, New York, 2005 (Motion Publishing), ISBN 1 41 16 53 246.