Springe nei ynhâld

Feanterij

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ferfeanterij)
Feangrûn gaadlik om turf fan te stekken
Ferfeantsjen neffens de Giterske metoade

Feanterij is it weiheljen fan in feanlaach, wêrby der boulân, greide of wetter oerbliuwt. It dylgjen fan fean wie oantreklik omdat it as brânstof brûkt wurde kin. Yn de Midsiuwen waard út sâltich fean (moer) ek sâlt wûn oant it om wettersteatkundige reden ferbean waard.

Foar it winnen fan dy brânstof, turf, binne yn Fryslân en dêrbûten grutte stikken feangebiet ferfeante. It oanwêzige heechfean en leechfean is op grutte skaal ôfgroeven of fuortbaggele. As de boppeste laach fan heechfean, neamd bolster, fermingd wurdt mei it sân ûnder it ôfgroeven feanpakket, ûntstiet dalgrûn. As leechfean ôfgroeven wurdt, ûntsteane der, troch de hege wetterstân, puollen en marren. Sûnt de 18e iuw binne in soad Gitersken en minsken út Drintske doarpen nei Fryslân kommen as turfgraver

De Grutte Feanterij wie in perioade fan leechfeanterij, fan de 11e oant de 13e iuw, yn wat ek wol de Hollânsk-Utertse Leechflakte neamd wurdt. Yn dat tiidrek is dêr it lânskip foar it grutste part foarme en oant tsjintwurdich net folle feroare.

Mei de útfining fan de baggelbûgel yn de 16e iuw waard it slachturven mûglik, it weibaggeljen fan it fean ûnder de wetterspegel. It neidiel fan dit bedriuw, benammen as soks op grutte skaal barde, wie dat hjirtroch grutte marren ûntstean koene. De smelle stripen fean tusken de gatten wienen net sterk genôch tusken sokke djippe gatten dat by stoarmen koenen hja weislein wurden. En hoe grutter it wetteroerflak, hoe heger de weagen, dat as it ienkear ferkeard gong waarden de petgatten hieltiten grutter.

Turf fan leechfean waard brûkt yn de húshâlding.

Bekende Nederlânske heechfeanterijen wiene yn it súdeasten fan Grinslân en it easten fan Drinte. Dêr lei eartiids it Nederlânske part fan it grutste sompegebiet fan Noardwest-Europa; it Boertanger Fean. Foar de feanterij binne dêr in soad kanalen groeven en grutte feankoloanjes stifte. It fean waard drûge en brûkt as brânstof: turf. De feanmoasturf út de heechfeangebieten is mear as leechfeanturf in gaadlike brânstof. It hat in relatyf hege ferbaarningswearde, der komme net folle ruotdieltsjes frij by it ferbaarnen en oars as by de swevellucht dy't by it ferbaarnen fan leechfean frijkomt stjonkt it ek net folle. Boppedat sitte der net folle stammen en stobben yn. De ferbaarningswearde wurdt yn it algemien grutter nei't de turf út djippere feanlagen wûn wurdt. De boppeste laach is it jongere feanmosfean. Dat waard it graufean neamd (ek wol wytfean of bolster). Dêrûnder de laach swartfean wêrút de measte turf stutsen waard. De ûnderste laach waard it dargfean neamd, dat oer it algemien ta baggerturf ferwurke waard. Turf fan heechfean waard brûkt yn it bedriuwslibben en de húshâlding.

De feankoloanjes waarden, neist mei lokale arbeiders, befolke troch in soad minsken út it westen fan Nederlân, wat noch blykt út plaknammen lykas Nij-Amsterdam en Hollânskefjild. Yn Drinte leit it gebiet dat yn Nederlân it lêst ferfeante waard: It Bargerfean, noardeast fan Schoonebeek. Dêr waard foar it lêst fean masinaal ôfgroeven yn 1992. Dat barde net mear foar brânstof, mar wie bedoeld as grûnstof foar turfstruisel dat brûkt waard as grûnferbetterder, it meitsjen fan Norit en in pigmint: Drintsk Swart. It Bargerfean is net hielendal ferfeante, dat der is noch libben Heechfean.