Springe nei ynhâld

Ferdinand Jacobus Domela Nieuwenhuis

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ferdinand Jacobus Nieuwenhuis)
Ferdinand Jacob Domela Nieuwenhuis

Ferdinand Jacob Domela Nieuwenhuis (Utert, 3 maaie 1808 - Nieuw-Rande ûnder Diepenveen, 28 april 1869) wie in Nederlânsk predikant.

Domela Nieuwenhuis, in soan fan Jacobus Nieuwenhuis, promovearre 1833 yn Utert yn de teology en wie efterelkoar evangelysk-luthersk predikant yn Monnickendam en Utert en sûnt 1842 heechlearaar oan it luthersk seminary yn Amsterdam. Hy ferstoar hommels op Nieuw-Rande yn Diepenveen, as gast fan de âld-gûverneur-generaal Albertus Jacobus Duymaer van Twist op 28 april 1869. Hy wie de heit fan Jacob Domela Nieuwenhuis, Ferdinand Domela Nieuwenhuis en Adriaan Jacob Domela Nieuwenhuis.

Njonken wurk mei in godstsjinstige ynhâld skreau er:

  • De hooge feesten der Christ. kerk en derzelver oorsprong en bestemming, Ljouwert, 1834
  • Geschiedk. overzigt der vroegere zorg van de Ned. Luth. kerk voor de opleiding tot het Herder- en Leeraarsambt, Amsterdam 1852
  • Geschied. der Evang. Luth. gemeente te 's-Grav., Amst. 1856
  • Geschiedenis der Amsterdamsche Luthersche gemeente, Amsterdam 1856
  • Abraham des Amorie van der Hoeven, een voorbeeld van kanselwelsprekendheid, Amst. 1856
  • Leven en karakter van Abr. des Am. van der Hoeven, Amst. 1859
  • De waarde der fraaie kunsten voor het Christendom, 1859
  • De vooruitgang in de Luthersche kerk, 1865

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: