Johannes Godefridus Frederiks

Ut Wikipedy

Johannes Godefridus Frederiks (Duinvliet by Oostkapelle, 24 april 1828Amsterdam, 5 maaie 1896) wie in Nederlânske skriuwer en ûnderwizer. Frederiks skreau tegearre mei F. Jos van den Branden it Biographisch woordenboek der Noord- en Zuidnederlandsche letterkunde.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy waard yn Domburg oplaat foar it ûnderwiis. Hy stie oan skoallen yn Middelburch en Colijnsplaat, oan it ynstitút fan Leendert Blankenbijl yn Drimmelen, en in skoftsje yn Geertruidenberg; dêrnei oan de ynrjochting Schoonoord by Rijswijk. Hy wie privaatdosint yn De Haach en belêste mei it ûnderrjocht fan Japanske ofsieren dy't dêr detasjearre wiene. Frederiks waard yn jannewaris 1872 learaar skiednis, Nederlânske taal- en letterkunde oan de HBS yn Zutphen, begjin 1880 oan it gymnasium yn Amsterdam.

Yn 1886 gie er mei pinsjoen en stoar yn 1896.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Domburg, door J.G.F., Middelburch, 1848
  • Soestdijk, hist. studie, op last van Prins Hendrik geschr. en als hs. gedrukt, Sutfen 1874
  • De Intocht van Karel den Stoute te Zutphen, Utert, 1876
  • De Moord van 1884, De Haach, 1884
  • Oefeningen in de Ned. taal, Grins 1884

Njonken syn part yn de útjefte fan it Quoijer skreau er yn ferskate wurken en blêden lykas:

  • Rott. Historiebladen, (Matelieff, 1870), Vaderlandsche Letteroefeningen. (J.H. Huguetan, 1871), De Gids (Marg. van Mechelen, 1879), De Nederlandsche Spectator, sûnt 1871, Nijhoff's Bijdr. sûnt itselde jier, Tijdschr. Ned. Taal- en Letterk., (Six v. Chandelier, 1883, P. Hondius, 1886), Tijdspiegel (Johan Lipperhey, uitv. der Verrekijkers, 1885), Noord en Zuid, (Cluyswerck, 1887).
  • Fierder koartere bydr. oer skiednis, taal en letteren yn De Navorscher sûnt 1870, Onze Tolk, Ned. Museum (útj. Gent), Dietsche Warande, Kollewijn's Tijdschrift en oare folgskr., en yn wyk- en deiblêden, dy't sokke ûnderwerpen opnimme.

Keppelingen om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: