Adriaan Jacob Domela Nieuwenhuis
Adriaan Jacob Domela Nieuwenhuis | ||
Adriaan Jacob Domela Nieuwenhuis. (Jan Toorop, 1924) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
berne | 27 maart 1850 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 26 maaie 1935 | |
stjerplak | Rotterdam | |
wurkpaad | ||
jierren aktyf | 1885-1923 | |
reden bekendheid |
samler fan benammen 16e-iuwske Noard- en Súd-Nederlânske grafyk |
Adriaan Jacob Domela Nieuwenhuis (Amsterdam, 27 maart 1850 - Rotterdam, 26 maaie 1935) wie in Nederlânske keunstsamler. Hy wie de jongste soan fan Ferdinand Jacob Domela Nieuwenhuis. De sosjaal-anargist Ferdinand Domela Nieuwenhuis wie syn âldere broer.
Adriaan studearre gemy yn Karlsruhe en yn Berlyn en hie yn Dútslân ferskate bestjoerlike funksjes. Hy troude yn 1876 mei Ulrika Weissenborn. Al yn 1885 luts er him werom út saken, omdat er troch handige ynvestearringen in begoedich man wurden wie. Hy fêstige him yn München en sette dêr útein mei it samlen fan keunstwurken. Hy studearre filosofy en promovearre yn 1889 te Halle mei it proefskrift Das Sparen öconomischer und socialer Grundsatz. Nei de WO I hie er oanstriid om troch de hyperynflaasje yn Dútslân syn kolleksje fan 'e hân te dwaan yn ruil foar in liifrinte. Hy bleau lykwols aktyf belutsen by syn kolleksje, dy't yn 1923 in ûnderkommen yn Museum Boijmans yn Rotterdam krigen hie.
Doe 't er yn 1935 stoar liet er in aardich fermogen nei.
Adriaan Jacob Domela Nieuwenhuis wie kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|